Breinermoor
Breinermoor (Eastfrysk Plat: Brainermaur)[1] is in doarp (Ortschaft) yn it uterste noardeasten fan de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân en leit tsjin de grinzen fan de gemeenten Lier en Rhauderfehn oan.
Breinermoor | ||
Tsjerke fan Breinermoor | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 325 (31 desimber 2020) | |
Hichte | 1 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Skiednis
bewurkje seksjeIt is mooglik dat Breinermoor al foar it jier 1000 as Brenom bestie. Yn 1362 wurdt Breinermoor, mank mei syn buorskippen Moorhusen, Wilderfang, Idehörn en Prinzenburg, neamd. Yn de fyftjinde iuw hearde it doarp by it karspel Backemoor. 200 jier lang wie Breinermoor in haven foar turfskippers. De Sint-Sebastiaan en Sint-Finsintiustsjerke waard yn 1784 boud en doe waard Breinermoor in selsstannich doarp. Hjoed-de-dei is de tsjerkegemeente lykwols wer feriene mei dy fan Backemoor.
Op 1 jannewaris 1973 waard Breinermoor part fan de nije gemeente Westoverledingen.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeTroch gâns East-Fryslân is it doarp ferneamd troch de Breinemoërkes, redens dy't troch pleatslike smidden fan 1830 oant 1972 makke waarden.
Ferienings
bewurkje seksjeSûnt 1978 is der in doarpsbelang en al 100 jier is der in frijwillige brânwacht yn it doarp.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |