Ihrhove (Eastfrysk: Jiren)[1] is in doarp (Ortschaft) yn it easten fan de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân en leit tsjin de gemeente Rhauderfehn oan. It doarpsgebiet fan Ihren bestiet út de kearnen Ortsteile Hustede, Ihren, Ihrenerfeld en Patersweg. De haadkearn Ihren is it âldste fan de kearnen.

Ihren
Baptistetsjerke fan Ihren
Baptistetsjerke fan Ihren
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Westoverledingen
Sifers
Ynwennertal 1968 (31 desimber 2020)
Oerflak 7,06 km²
Befolkingsticht. 279 /km²
Hichte 7 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 28610
Kaart mei de gemeente Westoverledingen

Ihren is ien fan de âldste doarpen fan it Oerledingerlân, ien fan de fjouwer âlde lânskippen yn de lânkring Lier. Ut Ihren wei waard it buorplak Ihrhove stifte, dat hjoed-de-dei it haadplak fan de gemeente Westoverledingen is.

Op 1 jannewaris 1973 waard de gemeente Ihren, it hjoeddeistige doarpsgebiet, part fan de nije gemeente Westoverledingen.

Yn Ihren stean twa tsjerken. De baptistegemeente Westoverledingen is de memmegemeente fan alle Eastfryske baptistegemeenten. Hy waard yn 1846 oprjochte en de tsjerke waard yn 1854 boud. Ut dy gemeente wei waard it baptisme ek nei Nederlân oerbrocht. Yn 1977 waard de kapel yn in tsjerklike mienskipssintrum ynboud, dat ek foar net-tsjerklike feesten ornearre is. Ta de gemeente hearde oant 2016 ek it lytse kapel yn Flachsmeer.

De grifformearde tsjerke Ihrenerfeld waard yn 1908 boud. De pastorij waard tsjin de tsjerke oan boud. Ta de tsjerkemienskip heart de grifformearde beukerskoalle Kinnerhuus.

Yn Ihren binne in stikmannich ferienings, sa as bygelyks sportferiening Sportverein Fresena Ihren, de frijwillige brânwacht Ihren, sjongferiening Eala Frya Fresena, belangeferiening Wanderweg-Ihren en toanielselskip Spölkring (spylkrite).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, sjoch de:Ihren

 
Westoverledingen
 
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen