Mitling-Mark
Mitling-Mark (Eastfrysk Plat: Midlen-Maark[1]) is in doarp yn it Landkreis Lier yn de Dútske dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It doarp is in Ortsteil yn de gemeente Westoverledingen en hie yn 2020 168 ynwenners.
Mitling-Mark | ||
Tsjerke fan Mitling-Mark | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 168 (31 desimber 2020) | |
Oerflak | 5,43 km² | |
Befolkingsticht. | 31 /km² | |
Hichte | 1,25 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Mitling-Mark bestiet eins út twa wenkearnen: Mitling en Mark. Mark leit eastlik tsjin de dyk fan de Iems oan, wylst Mitling krapoan in kilometer súdliker justjes fierder fan de rivier ôf leit.
Skiednis
bewurkje seksjeMitling (Mydlinghe of Mittelinge) waard foar it earst yn in oarkonde neamd op 24 augustus 1436. Yn dy oarkonde swarde Hero Aldsenna to Boecmora (Backemoor) in eed ôf oan de Hamburchske amtner Detlef Bremer yn Emden. As boarch dêrfoar stie in Jelke to Mydlinghe ut Overledingherlande.
Under Mitling waard oarspronklik it tusken Völlen en Grotegaste leine Mittelweg mei bedoeld, dêr't der letter in doarp ûntjoech. Yn Mark moat in boarch stien hawwe. As eigeners fan de boarch waarden Hisco Cirks († 1592) en Hero Uniken († 1623) neamd.
De wynmûne fan Mitling-Mark stie al op in kaart fan 1595.
Mitling en Mark wiene twa doarpen. Mitling wie in karspel op in terp. De tsjerke fan Mitling waard yn de trettjinde iuw boud. Fridrich Arends berjochte yn syn Erdbeschreibung fan 1824 dat it doapr Mitling 5 hûzen en 28 ynwenners hie en it doarp Mark 30 hûzen en 192 ynwenners hie.
Op 1 jannewaris 1973 waard Mitling-Mark, dat doe in selsstannige gemeente wie, part fan de nije gemeente Westoverledingen.
Doarpsnamme
bewurkje seksjeMark is it âldere part fan it doarp. It waard yn de tsiende iuw as Marcberga neamd. Lettere nammen wiene Marki (tsiende en alfde iuw), Marckum (1564), Marck (1589) en Midling Marck (1645). De namme ferwiist nei it plak oan de súdgrins fan Eastfryslân, dat fan it Aldfryske merke en it Aldnederdútske marka komt, dat grinslân betsjut.
Mitling waard foar it earste as Mydlinghe foar yn 1436. Ut 1696 komt Midling foar en sûnt 1824 wurdt de skriuwwize Mitling brûkt. De namme hat in Frysk/Nederdútske oarsprong. It betsjut "in yn it midden lizzende delsetting".
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch de:Mitling-Mark |
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |