Folmhusen (Eastfrysk Plat: Folmhusen)[1] is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân en leit justjes noardlik fan it haadplak Ihrhove oan de B70. It plak bestiet benammen fan de lânbou.

Folmhusen
Eastfrysk skoalmuseum fan Folmhusen
Eastfrysk skoalmuseum fan Folmhusen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Westoverledingen
Sifers
Ynwennertal 584 (31 desimber 2020)
Hichte 4 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 28610
Kaart mei de gemeente Westoverledingen

Folmhusen heart ta ien fan de âldste delsettings fan it Oerledingerlân. Fynsten út it Mesolitikum binne fûn. It plak waard yn 1409 foar it earst neamd en hearde doe by it âlde Fryske goa Oerledingerlân, en wie part fan de Fâdij Esklum yn it Amt Leerort. Dêrnei kaam it ûnder it Amt Lier. Yn de Frânske tiid kaam Folmhusen by de gemeente Ihrhove, kanton Lier yn it Departemint Easteriems te hearren. Dêrnei kaam it by de amtsfâdij Ihrhove en yn 1885 waard it part fan de lânkring Lier. Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen op 1 jannewaris 1973 waard Folmhusen part fan de nije gemeente Westoverledingen.

Folmhusen waard yn 1409 foar it earst neamd as Wolkmedehusen. Letter waard it plak Fahouttahusum (1475) en Folmdehusen (1492) neamd. Yn in statistyk fan 1823 waard it doarp Volmhusen neamd. De namme is in gearstalling fan de persoanenamme Volmet of Volmt en husen (hûzen).

It Eastfrysk Skoalmuseum Folmhusen is sûnt 1987 yn de eardere skoalle fêstige. It gebou waard yn 1824 foar de twadde kear boud, yn 1879 ferboud en yn 1885 en 1904 fergrutte. Yn 1963 kaam der in skoalpaviljoen by de skoalle.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westoverledingen  
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen
  ·   ·