Steenfelde (Eastfrysk Plat: Stäinfäel[1]) is in doarp yn it Landkreis Lier yn de Dútske dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It doarp is in Ortschaft yn it suden fan de gemeente Westoverledingen en hie yn 2020 2.254 ynwenners en bestiet út de Ortsteile Bullerbarg, Steenfelde, Steenfelderfehn en Steenfelderkloster.

Steenfelde
Tsjerke fan Steenfelde
Tsjerke fan Steenfelde
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Westoverledingen
Sifers
Ynwennertal 2254 (31 desimber 2020)
Oerflak 11,18 km²
Befolkingsticht. 202 /km²
Hichte 2,6 m boppe seenivo
Kaart mei de gemeente Westoverledingen

It oarpsgebiet fan Steenfelde wurdt yn it noarden begrinzge oan it doarpsgebiet Großwolde, yn it easten oan dy fan Flachsmeer, yn it suden oan dy fan Völlen en yn it westen oan dy fan Mitling-Mark.

De Bundesstraße 70 rint fan noard-súd fan Lier nei Papenburch westlik bylâns it doarp.

Steenfelde waard yn de fjirtjinde iuw in selsstannich karspel. De tsjerke fan Steenfelde waard al yn de trettjinde iuw boud. As midsiuwske karspel bestie Steenfelde út likernôch 13 pleatsen. Oan de ein fan de santjinde iuw waard Steenfelderfehn kolonisearre. Ek it fean- en heidegebiet eastlik en súdeastlik fan Steenfelde waarden yn 300 jier satdichoan kolonisearre. Om 1800 hinne waarden de feankoloanjes Steenfelderfeld en Bullerbarg oanlein.

De grifformearde gemeente fan Steenfelde oerlibbe yn 1671 in Múnsterske oanfal. Oan de doetiidske dûmny Katechet Overmann wurdt taskreaun dat de gemeente ta de lutherske tsjerkegenoatskip wiksele.

Yn de Frânske tiid wie Steenfelde in fâdij yn it Amt Lier. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw waard dy fâdij opheft, en ûntstie de gemeente Steenfelde, dy't de doarpen Bullerbarg, Steenfelde, Steenfelderfehn en Steenfelderkloster befette. Yn 1962 waard mei de gemeenten Großwolde en Flachsmeer in gearwurkingsgemeente foarme. Yn 1973 waard, yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen de gemeente gearfoege mei alve oare gemeenten ta de gemeente Westoverledingen. De eardere gemeente Steenfelde waard in Ortschaft yn de nije gemeente.

Yn 1856 waard de Iemslânline, it spoar tusken Emden en Rheine yn gebrûk nommen, en it stasjon Steenfelde waard yn 1911 iepene.

It is wis dat der al yn 1684 in doarpsskoalle yn Steenfelde bestie. Letter waard it ûnderrjocht troch twa skoallen fersoarge. Sûnt de gemeentlike weryndieling yn 1973 is der in legere skoalle foar Steenfelde en Großwolde oan de Schulstraße (Skoalstrjitte).

De Twadde Wrâldkriich koste in stikmannich minsken út Steenfelde it libben. Doe't de Alliearden besochten Lier oan te fallen, rekken der ferskate gebouwen yn it doarp skansearre.

De lânbou is de wichtichste foarm fan ekonomy om Steenfelde hinne. Hjoed-de-dei is Steenfelde benammen in forinzeplak. In soad lju dy't yn Steenfelde wenje, wurkje yn omlizzende gruttere stêden sa as Lier en Papenburch.

Sûnt 1997 stiet der in 104 hektare grut wynpark by Steenfelde dy't 9 MW leveret.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eastfrysk wurdboek oproppen 20 april 2021

Foar oare boarnen, sjoch de:Steenfelde

  Westoverledingen  
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen
  ·   ·