Völlenerkönigsfehn

Völlenerkönigsfehn is in doarp yn it suden fan de gemeente Westoverledingen yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Sûnt de gemeentlike weryndieling is it doarp part fan it Ortsteil Völlen.

Tsjerke fan Völlenerkönigsfehn

Völlenerkönigsfehn waard yn it begjin fan de njoggentjinde iuw as in feankoloanje út Völlenerfehn wei stifte waard. Völlenerfehn waard op syn bar út Völlen wei stifte.

Untjouwing doarpsnamme

bewurkje seksje

It doarp waard yn 1805 foar it earst nemad as Hondesteert. Fierdere oerleverings binne Hundemakerei, Hundesteert (1823) en Völlener Königsfehn, Hundemakerei of Hundesteert (1871). De namme Hondesteert waard ôflaat fan de hûnekarren, dêr't de earmste kolonisten harren yn ferfierden.

De hjoeddeistige namme is ôflaat fan de kolonisaasje op it feangebiet dat oan de kroan (fan it Keninkryk Hannover) behearde.

Yn it Eastfrysk Plat hat it doarp noch hieltyd de bynamme Hunstērt (hûnesturt).

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Yn it doarp stiet de yn 1907 boude Kristustsjerke mei ynboude pastorij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Arend Remmers: Von Aaltukerei bis Zwischenmooren. Die Siedlungsnamen zwischen Dollart und Jade. Verlag Schuster, Lier 2004, S. 230.
  Westoverledingen  
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen
  ·   ·