Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen

Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 7 augustus 1845De Haach, 24 july 1918) wie in hoftsjinner en lange tiid direkteur fan it Kabinet fan de Keninginne.

Jonkhear P.J. Vegelin van Claerbergen waard berne as soan fan it Twadde-Keamerlid jonkhear P.B.J. Vegelin van Claerbergen (1808-1879) en dy syn earste frou, jonkfrou A. van Beyma (1815-1851). Hy bleau frijfeint.

Hy wie yn de jierren 1867-1870 luitenant-op-see twadde klasse. Yn 1875 waard hy beneamd ta partikulier sekretaris fan kening Willem III wat hy bleau oant 1879. Dêrnei kaam er yn tsjinst fan it 'Kabinet des Konings', dêr't hy yn 1899 direkteur waard; hy bleau dy funkssje hâlden oant 1910. Yn dat lêste jier waard hy beneamd as lid fan de Ried fan Steat yn bûtengewoane tsjinst en bleau dat oant syn ferstjerren. Yn 1875 waard hy beneamd as keamerhear yn bysûndere tsjinst wat er ek oant syn ferstjerren bleau.[1]

Underskiedings

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje ûntliend oan: biografy PDC.