Philip Hendrik Nering Bögel
Philip Hendrik Nering Bögel, ferneamd ûnder it alias Felipe Enrique Neri, Baron de Bastrop (Paramaribo, 23 novimber 1759 - 23 febrewaris 1827) wie in Nederlânsk belestingamtner en stichter fan in Anglo-Amerikaanske koloanje yn de steat Teksas.
Libben
bewurkje seksjeJeugd en famylje
bewurkje seksjePhilip Hendrik Nering Bögel wie in soan fan Conraed Laurens Nering, lid fan it gerjochtshôf yn Paramaribo en Maria Jacoba (Kraayvanger) Bögel. 1764 ferfear de húshâlding Nederlân Philip gie by de kavalery. Op 28 april 1782 boasket er yn Aldeboarn oan Georgine Wolffeline Françoise Lijcklama à Nyeholt, in dochter fan grytman Augustinus Lycklama à Nijeholt. Sy krigen fiif bern. Op in stuit wennet it pear yn Ljouwert, dêr't Philip Untfanger-Generaal fan de floreenrinte waard. Syn kantoar wie op de earste ferdjipping fan it provinsjehûs.
Flecht nei Amearika
bewurkje seksjeYn 1793 ferlit Nering Bögel Fryslân hommels sûnder frou en bern. Tagelyk blykt dat der 250.000 karolusgûne út de provinsjekas ferdwûn is. De provinsje set in beleanning fan 1000 dukaten op de holle fan Nering. Lykwols is der nea hurd bewiis kaam dat Nering de dieder wie. Frjemd is it ek dat de saak gjin opskuor joech by de famylje. Hy komt boppe wetter yn doe noch Spaansk Louisiana (1762 oant 1802), dêr't er him útjoech foar in Nederlânsk ealman dy't it lân ûntflechte wie fanwege de Frânske ynfal: Felipe Enrique Neri, Baron de Bastrop. De measte minsken leauwe dat en rillegau rekket Nering belutsen by de keap en ferkeap fan lân en wurdt in tige begoedige ûndernimmer. Hy kriget tastimming om in koloanje te stichtsjen yn de delling fan de rivier de Ouachita. It kontrakt mei de Spaansk gûverneur Francisco Luis Hector de Carondelet foarseach yn in delsetting fan 850.000 acres oan de Ouachita. Hoewol't 99 kolonisten har dêr festigen, waard it projekt stillein doe't bliken die dat Louisiana net genôch stypje koe om de koloanje ta in (ekonomysk) súkses te meitsjen.[1]
Teksas
bewurkje seksjeMeidat Louisiana oan de Feriene Steaten ferkocht waard rekke er syn fortún lykwols wer kwyt en ferhuzet er nei Teksas. Dêr krige er tastimming om in koloanje te stichtsjen tusken Bexar en de rivier de Trinity. Hy ferfear nei San Antonio yn 1806, dêr't er him oppenearre as in fûl tsjinstanner fan de ferkeap fan Louisiana oan de FSA. Yn 1810 waard er ta twadde alcalde, (boargemaster of haadjurist) fan dy Spaanske stêd beneamd.
Nering Bögel moete 1820 fannijs Moses Austin, waans fersyk om Ingelsk-Amerikaanske kolonisten nei Teksas te heljen krekt ôfwiisd wurden wie. Hy hie Moses Austin 20 jier earder ek alris moete yn in herberch yn, doe noch, Spaansk Missoury. Nering brûkte syn ynfloed om Moses Austin te helpen, en letter ek Stephen F. Austin, om tastimming te krijen om dy syn plan stal te jaan; letter soene dy Ingelsk-Amerikaanske kolonisten de Old Three Hundred neamd wurde.
Nering Bögel waard 1820 keazen ta folmachtige fan Stephen F. Austin’s koloanje. Yn 1823 waard er keazen yn de provinsjale ôffurdiging fan San Antonio, en 1824 ta lid fan de wetjouwende macht fan Coahuila y Tejas [2], in amt dat er oant syn dea op 23 febrewaris 1827 ferfolje soe. Hy liet net genôch jild foar syn beïerdiging nei, dat syn kollega's hawwe dy betelje moatten. Hy liet by testamint syn lân nei oan syn frou nei dy't wilens al ferstoarn wie en oan syn bern yn Nederlân. Der is gjin bewiis fan kontakt mei syn frou en famylje yn de tiid dat er yn Amearika tahâlde. Earst yn 1955 kaam syn wiere identiteit oan it ljocht.
Nering Bögel soe yn Saltillo yn noardeast Meksiko beïerdige wêze, mar it plak fan syn grêf is net bekend.
Erfskip
bewurkje seksjeNering Bögel wie in wichtich persoan mei in soad ynfloed yn de skiednis fan de kolonisaasje fan Teksas. Guon tinke dat sûnder syn krewearjen Teksas net befolke west hawwe soe mei Anglo-Amerikanen.
De neikommende plakken binne nei him neamd:
Ferskaat
bewurkje seksjeDe Teksaanske filmprodusint Stan Ginsel is anno 2013 dwaande mei in dokumintêre oer it libben fan Nering-Bögel.
Literatuer
bewurkje seksje- Charles Albert Bacarisse, The Baron de Bastrop : life and times of Philip Hendrik Nering Bögel, 1759 to 1827, Austin, Tex. : C. Bacarisse, 1955.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
boarnen
|