Philippe Geubels
Philippe Geubels (Dendermonde, 15 april 1981) is in Flaamske stand-upcomedian.
Philippe Geubels | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Philippe Geubels (2009) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 15 april 1981 | |
berteplak | Dendermonde | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Kabaretier, komyk | |
medium | Teäter, telefyzje | |
jierren aktyf | 2006-no | |
offisjele webside | ||
www.philippegeubels.be (in) IMDB-profyl |
Hy waard bekend doe't er yn 2007 yn de finale fan Comedy Casino Cup stie, in programma fan de Flaamske telefyzjestjoerder Canvas. Geubels falt op troch syn nasale en stadige menier fan praten.
Biografy
bewurkje seksjeGeubels studearre ynearsten oan it ateneum, mar gie nei het tredde jier oer nei de hotelskoalle. Under syn stúdzje wurke Geubels ûnder oare as ferkeaper. Sadwaande koe er syn pleinfrees oerwinne.
Geubels waard nijsgjirrich nei stand-upcomedy nei't in kollega him in dvd fan Hans Teeuwen sjen liet. In entûsjast wurden Geubels besleat om de workshop "123 Comedy Club" te folgjen, dêr't er fral learde wat er net dwaan moast sei er letter. Yn 2006 die Geubels mei oan de Lunatic Comedy Award, in wedstriid foar begjinnende komiken, organisearre troch The Lunatic Comedy Club. Yn de finale op 1 desimber fersloech er Xander De Rycke en Joost Van Hyfte, sadat er de fyfde winner fan dy twajierlikske wedstriid waard. Bert Kruismans (1998), Gunter Lamoot (2000), Lieven Scheire (2002) en Sven Eeckman (2004) wiene de eardere winners.
Beugels is troud mei Leen Corluy dy't jierrenlang in poezehotel yn Boechout hie. Sy hawwe tegearre in dochter. Geubels fiert 'mijn vrouw' faak op yn syn konferênses.
Kabaretprogramma's
bewurkje seksje- 2009: Droog
- 2011: Hoe moet het nu verder?
- 2013: Made in Belgium
- 2016: Gabbers - Live in ZiggoDome (mei Jandino Asporaat, Roue Verveer en Guido Weijers)
- 2016: Bedankt voor alles
- 2017: Gabbers 2 - Live in ZiggoDome (mei Jandino Asporaat, Roue Verveer en Guido Weijers)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|