Piazza dei Miracoli

De Piazza dei Miracoli ('Plein fan 'e Wûnders') of it Piazza del Duomo is in ommuorre gebiet yn it sintrum fan 'e Toskaanske stêd Pisa yn Itaalje. Op it grien fan it plein steane fjouwer midsiuwske gebouwen dy't oer de hiele wrâld ferneamd binne. De gebouwen hiene in soad ynfloed op de monumintale keunst yn Itaalje tusken de 11e en 14e iuw. Sûnt 1987 binne de gebouwen wrâlderfgoed fan UNESCO.

Piazza dei Miracoli
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Itaalje Itaalje
plak Pisa
UNESCO folchnûmer 395
kritearia (i)(ii)(iv)(vi)
ynskriuwing 1987 (11e sessy)
útwreiding 2007 (lytse grinswiziging)
koördinaten 8.87 ha
gebiet 254 ha
Webside
UNESCO
www.opapisa.it
Kaart
Piazza dei Miracoli (Itaalje)
Piazza dei Miracoli
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It plein wurdt somtiden ek Campo dei Miracoli (Fjild fan 'e Wûnders) neamd, mar dy namme is net goed en ûntliend oan it boek Pinokkio, dêr't goud sied út in jildbeam groeit.

Op it plein steane fjouwer wrâldferneamde gebouwen:

De namme is ûntliend fan 'e Italjaanske skriuwer en dichter Gabriele d'Annunzio, dy't yn syn boek Forse che si forse che no (1910) it plein sa beskreau:

L’Ardea roteò nel cielo di Cristo, sul prato dei Miracoli.
(De reizger sirkele yn 'e himel fan Kristus boppe de greide fan 'e wûnders.)

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Piazza dei Miracoli (Pisa) fan Wikimedia Commons.