De Pieperrace ('ierdappelrace') is in sylwedstriid fan twa dagen foar tradisjonele Nederlânske platboaiems dy't alle jierren út Volendam wei holden wurdt. It evenemint wurdt organisearre sûnt 1985, meastal yn it earste wykein fan april.

De haven fan Volendam by de Pieperrace

De race wurdt syld mei ûnder oare klippers, tsjalken, aken, botters en kwakken. Yn 2008 die in rekordoantal fan 79 skippen mei. De wedstriid jildt as ynformeel begjin fan it sjarterseizoen.

It evenemint wol de gefaarlike (mei fanwegen loftoanfallen) ierdappeltransporten út Fryslân wei oer de Iselmar, dy't Volendammer fiskers yn de Twadde Wrâldoarloch útfierden mei harren skippen, yn oantins hâlde. Mei dy transporten waarden ûnder oare Amsterdamske sikehuzen befoarriede.

Keppeling om utens

bewurkje seksje