Pier Feddema
Pier Feddema (Eanjum, 2 juny 1912 - Balk, 18 desimber 1983) wie in Frysk ûnderwizer, skilder, keunstner en skriuwer út Garyp en Balk.
Pier Feddema | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pier Feddema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 juny 1912 | |
berteplak | Eanjum | |
stoarn | 18 desimber 1983 | |
stjerplak | Balk | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keunstskilder | |
streaming | Ekspresjonisme |
Hy krige les fan Herman Dijkstra (1904-1976), mar wie fierders autodidaktysk ekspresjonist. Mei Klaas Koopmans, Jan van der Bij, Sjoerd Huizinga en Jaap Rusticus foarmen hja sûnt 1949 de skildersgroep ‘Yn'e Line’, in groep dy’t harren mei hert en siel talei op ekspresjonistysk tekenjen en skilderjen.
Nijsgjirrich binne de skilderijen fan It Amelân, de merktekeningen lykas hynstemerken, kafees, it dwaan en litten fan minsken. Foaral ek de hâlding fan de minsken en de efterlizzende geast wie foar Feddema tige wichtich.
Yn 2011 is de Feddemas wurk ûnderbrocht by it Museum Dr8888.
Boeken
bewurkje seksje- Brekkende Branning (1958)
- Gods terskflier (1959)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|