Pierre Auguste Cot

Pierre Auguste Cot (Bédarieux, 17 febrewaris 1837Parys, 2 augustus 1883) wie in Frânsk keunstskilder.

Pierre Auguste Cot, selsportret

Wurkpaad bewurkje seksje

Cot studearre oan de Keunsthegeskoalle yn Toulouse en ferfear dêrnei nei Parys. Dêr studearre er fierder by Alexandre Cabanel, Léon Cogniet en William Adolphe Bouguereau. Hy debutearre yn 1863 mei in útstalling yn de Paryske salon; it wie in súkses. Hy wûn dêrnei ferskate prizen en medaljes en waard yn 1874 beneamd yn it Frânske Legioen fan Eare.

It wurk fan Cot wurdt rekkene ta de akademyske keunst. Guon fan syn skilderijen bleaune bot wurdearre en populêr, lykas Le Printemps ('De maitiid', 1873) en La Tempête ('De stoarm', 1880), dy't beide te sjen binne yn it Metropolitan Museum of Art fan New York. Cot wie teffens in ferneamd portretskilder. Wurk fan Cot is ek te besjen yn it Louvre yn Parys.

Cot waard beïerdige op begraafplak Père Lachaise yn Parys.

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje