Pierre Latécoère

Pierre-Georges Latécoère (Bagnères-de-Bigorre, 25 augustus 1883 - Parys, 10 augustus 1943) wie in Frânsk loftfeartpionier en ûndernimmer.

Pierre-Georges Latécoère (1925)

Latécoère wie in soan fan in eigner fan in seachmûne en hie yn syn jonkheid al in soad niget oan technyk. Yn 1903 sette er út ein mei in stúdzje oan de École Centrale des Arts et Manufactures yn Parys en naam dêrnei de lieding fan syn heite bedriuw oer. Hy modernisearre de ûndernimming dy't him dêrnei taklei op de produksje fan spoarwagons. Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne er by de artillery, mar waard rillegau demobilisearre om reden fan syn minne eagen.

Hy fertsjinne yn de oarloch in soad jild mei steatsopdrachten. Dêrom koe Latécoère yn 1917 twa fabriken yn Toulouse stichtsje. Yn ien fabryk waarden granaten makke en yn de oare rompen fan fleantugen. Fleantúchbouwer Salmson fertoude him de fabrikaazje fan 600 dûbeldekkers ta en sadwaande waard de grûnslach lein fan de no noch besteande Groupe Latécoère en dêrmei ek foar de fleantúchyndustry fan Toulouse.

Yn 1918 stichte er de Compagnie Générale d'Entreprises Aéronautiques en rjochte er de Société des lignes Latécoère (letter Aéropostale), dy't post fan Frankryk nei Senegal (Dakar) en letter ek nei Súd-Amearika brocht. Antoine de Saint-Exupéry, Mermoz en Guillaumet fleagen foar Latécoère. Uteinlik makke er fleanmasines ûnder eigen namme, mei as hichtepunt de grutte fleanboat Latécoère 631.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: