Petrus Antonius Josephus Maria (Piet) Steenkamp (Uithoorn, 8 maart 1925Eindhoven, 8 jannewaris 2016) wie in Nederlânsk politikus. Steenkamp wie de 'geastlike heit' fan it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA/KDA) en de earste foarsitter fan de Federaasje CDA, fan 1973 ôf oan.

Piet Steenkamp yn 1971

Steenkamp gie nei de middelbere skoalle yn Amsterdam. Nei syn stúdzje en promoasje yn de ekonomyske wittenskippen yn Tilburg gie er oan 't wurk yn it konservefabryk fan syn heit yn Uthoarn; it bedriuw naam er letter oer. Yn 1960 waard er bûtengewoan heechlearaar en letter 'gewoan' heechlearaar oan de Technyske Hegeskoalle Eindhoven (no Technyske Universiteit Eindhoven). Steenkamp late fierders ek it Pastoraal Konsily fan de Nederlânske Tsjerkeprovinsje oer de fernijing fan de Nederlânske Katolike Tsjerke, nei it Twadde Fatikaansk Konsily.

Dêrnei wie Steenkamp 34 jier lid fan de Earste Keamer, fan 1965 oant 1999: Earst út namme fan de KVP en letter foar it CDA. Hy wie foarsitter fan de Earste Keamer fan 1983 oant 1991. Yn 1971 stie Piet Steenkamp as ynformateur oan de widze fan it kabinet-Biesheuvel I. Yn 1982 wie er ek ynformateur by it kabinet-Van Agt III.

Steenkamp hat him altyd sterk makke foar de fúzje fan de ARP, de CHU en de KVP. Al yn 1967 wie er lid fan de 'Club van 18', dy't krewearre foar in fúzje fan de trije partijen. Troch syn trochgeande ynset ûntstie yn 1980 it KDA út dy fúzje. As de earste foarsitter fan it KDA brocht er de fúzje ta in goed ein: doe't de fúzje klear wie, gie er ôf as foarsitter.

Steenkamp hold in de jierren 70 hûnderten sprekbeurten yn it lân. Hy wie bysûnder populêr by de efterban fan de trije mempartijen KVP, ARP en CHU. Ut reden fan syn ûnmisbere rol by it ta stân kommen fan it CDA waard hy ta earefoarsitter beneamd. It opliedingsynstitút fan it CDA is nei him ferneamd en ek de jierlikse lêzing dy't de partij om de fúzjedatum 11 oktober hinne organisearret.

Op 8 jannewaris 2016 stoar Steenkamp yn de âldens fan 90 jier en op 12 jannewaris waard er te hôf brocht.[1]

Steenkamp troude op 12 oktober 1950 mei Constance Nolet. Har heit Jozef Nolet wie fan 1953 oant 1961 boargemaster fan Boxmeer. It pear krige trije soannen. Harren âldste Thomas waard boargemaster en is ek lid fan it CDA.

Lidmaatskippen Ried fan Kommissarissen

bewurkje seksje

Tijdens zijn leven was Steenkamp lid en foarsitter fan ferkate Ried fan Kommissarissen:

Underskiedings

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Geestelijk vader' CDA Piet Steenkamp (90) overleden, NU.nl, 12 jan. 2015.