Pieter Bijl (Espel, 14 oktober 1964) is in âld Nederlânsk proffuotballer. Hy spile it meast as middenfjilder.

Pieter Bijl
persoanlike bysûnderheden
namme Pieter Bijl
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 14 oktober 1964
berteplak Espel
klupskiednis
posysje Middenfjilder
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1983-1990
1990-1994
1994-1995
1995-1996
SC It Hearrenfean
FC Utrecht
SC It Hearrenfean
Go Ahead Eagles
183 (21)
128 (23)
15 (1)
19 (3)
nasjonaal team
1985 Nederlân -21 1 (0)
trainer by
2001-2002
2002-2003
2003-2004
2004-2006
SC It Hearrenfean (assistint)
Heracles Almelo (assistint)
Flevo Boys
SC It Hearrenfean (assistint)
Harkemaske Boys

Bijl spile as amateur foar SK Espel en Sportferiening Urk. As proffuotballer kaam hy fan 1983 oant 1990 út foar SK It Hearrenfean. Hy debutearre op 12 febrewaris 1984 yn de wedstriid mei FK Wageningen. By It Hearrenfean makke hy yn syn lêste jier by de klup de promoasje nei de Earedifyzje mei. Sels soe hy net mei de klup útkomme yn dy difyzje, want yn 1990 gie hy nei FK Utert ta. Nei fjouwer gie hy yn de simmer fan 1994 werom nei SK It Hearrenfean wêr't hy as brekizer brûkt waard. Yn it seizoen 1995/1996 beëinige hy syn karriêre by Go Ahead Eagles út Dimter.

Nei syn fuotbalkarriêre helle hy de trenerspapieren en wie hy fan 2001 oant 2003 de assistint fan Gertjan Verbeek by Herakles Almelo. Yn it fuotbalseizoen 2003/2004 wie hy de haadtrener fan de amateurklup Flevo Boys. Nei dat seizoen wie hy fan 2004 oant 2006 op 'e nij de assistint-trener fa Gertjan Verbeek, no by SK It Hearrenfean. Nei syn perioade by It Hearrenfean hat hy noch twa jier de haadtrener west fan de Harkemase Boys.