Pieter Brueghel de Jonge

Pieter Brueghel de Jonge(re) (Brussel, 1564 of 1565 - Antwerpen, 1638) was in Flaamske keunstskilder, âldste soan fan Pieter Brueghel de Alde. Doe't er fiif jier wie stoar syn heit. Pieter Brueghel de Jonge hat yn de lear west by de lânskipsskilder Gillis van Coninxloo. Brueghel troude mei de suster fan syn learmaster.

Pieter Brueghel de Jonge troch Antoon van Dyck
Ien fan de 13 noch bekende kopieën fan De folkstelling te Bethlehem, oarspronklik troch Pieter Brueghel de Alde (1566)

Pieter Brueghel de Jonge waard master-skilder yn 1585. Hy skildere lânskippen, religieuze ûnderwurpen en fantasijlânskippen. Op de lêsten binne faak fjoer en groteske wêzens te sjen, sadat er de bynamme "De Helske Brueghel" krige. Hy hie net safolle talint as syn heit en broer Jan; hy moast it foaral hawwe fan it kopyeren fan syn heite' wurk.

  • Allegoary fan oarloch
  • De bou fan de toer fan Babel
  • De Krusiging
  • De Hillige Hûshâlding mei Sint Johannes
  • Stil-libben mei blommen
  • Stil-libben fan de Hillige Famylje
  • Doarps merk
  • De doarps rjochtsgelearde
  • Faam en Bern mei Sint Johannes as bern yn in krâns fan blommen
  • Winter, Jager yn de snie

Keppeling om utens

bewurkje seksje