Pieter Jan van Winter

Pieter Jan van Winter (Utrecht, 2 augustus 1895 - Grins, 6 maart 1990) wie in Nederlânsk skiedkundige.

Pieter Jan van Winter
akteur
Van Winter (steand, 3e fan links), 1937
Van Winter (steand, 3e fan links), 1937
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 augustus 1895
berteplak Utert
stoarn 6 maart 1990
stjerplak Grins
offisjele webside
P.J. van Winter, DBNL

Libben en wurk bewurkje seksje

Prof. jhr. dr. Pieter Jan van Winter wie in lid fan de aadlike famylje Van Winter en in soan fan jhr. Pieter Jacob van Winter, notaris yn Woerden en Clasina Proper. Hy boaske twa kear en krige trije dochters, ûnder oare Johanna Maria van Winter, dy't as heechlearaar Midsiuwske Skiednis oan de Universiteit Utert yn de fuotleasten fan har heit gie.

Van Winter waard ynearsten learaar skiednis oan it Amsterdamsk lyseum, mar waard yn 1939 as opfolger fan I.H. Gosses oansteld ta heechlearaar Geschiedenis van de Nieuwe en Nieuwste Tijd oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrfóar wie die op 17 juny 1927 yn Leien cum laude promovearre op Het aandeel van den Amsterdamschen handel aan de opbouw van het Amerikaansche Gemeenebest.

Van Winter wie ien fan de meast foaroansteande skiedkundigen fan syn generaasje, mei ûnder oaren Jan Romein en Louis Rogier. Tegearre mei de histoarikus Pieter Geyl skreau er drie rapporten over de uitgave van bronnen voor de Nederlandse geschiedenis. Syn posysje docht ûnder mear bliken út it lidmaatskip fan de Keninklike Nederlânske Akadeemje fan Wittenskippen (1947) en in earedoktoraat fan de Universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika (1953).

Van Winter wie ûnder mear foarsitter fan de Rijkscommissie voor Vaderlandse Geschiedenis, foarsitter fan it direktoarium fan it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje en rektor-magnifikus fan de Ryksuniversiteit Grins[1]. De histoarikus en lettere heechlearaar Arie van Deursen promovearre by him en beskreau de fertsjinsten fan him (en oaren lykas Johan Huizinga) foar de histoaryske wittenskip[2].

Bibliografy (karút) bewurkje seksje

  • Hoger beroepsonderwijs avant-la-lettre: bemoeiingen met de vorming van landmeters en ingenieurs bij de Nederlandse universiteiten van de 17e en 18e eeuw (1988) útj. Noord-Hollandsche Uitgevers Maatschappij, Amsterdam ISBN 0-444-85686-2
  • De Westindis
  • Oorlogsduur in oorlogsnamen: over het gebruik van getallen tot steun van historische voorstellingen útj. Noord-Hollandsche Uitgevers Maatschappij, Amsterdam ISBN 0-7204-8221-6
  • Het aandeel van den Amsterdamschen handel aan den opbouw van het Amerikaansche (1927-1933) útj. Nijhoff, 's-Gravenhage (twa dielen, dêr't de earst fan ek útjûn waard as proefskrift - yn 1977 ferskynde in fannijs besjoen ferzje mei de titel American finance and Dutch investment, 1780-1805 : with an epilogue to 1840 ISBN 0-405-09860-X, en ISBN 0-405-09715-8)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: