Pijnenburg (lângoed)

Pijnenburg is in bûtenpleats dy't foar it grutste part ta de gemeente Baarn en foar in lytser part ta Soest yn de provinsje Utert heart. It leit oan de N234 tusken Soestdijk en Bilthoven.
By fersin is tsientallen jierren lyn in stik boskgebiet yn Leech Hees (gemeente Soest) oantsjutten as Pijnenburg. Under ynfloed fan de histoaryske Feriening Soest is dy namme yn 2005 feroare yn "Laag Hees". Foarhinne wie in grut diel fan dit gebiet yn hannen fan de famylje Insinger, dy't it hiele besit Pijnenburg neamde. No is noch mar in lyts rântsje Soest yn hannen fan de Insingers. De bosken fan Leech Hees binne eigendom fan Natoermonuminten, Fortis en in tal oare partikuliere eigeners. It lângoed leit, lykas Lage Vuursche yn de Leechte fan Pijnenburg. Dat leger lizzende part is ûnderdiel fan de streek fan de Utertske Heuvelrêch mar leger en wieter. It lângoed grinzet oan Soestdyk en bestiet út trije boskwachterijen: ’t Hooge Erf, Kievitsdal en De Brandenburg.

Bûtenpleats Pijnenburg