Pilgrim Fathers
Pilgrim Fathers is de namme foar in kloft Ingelske puriteinen dy't yn 1620 de earste noch hieltyd-troch bewenne koloanje yn it hjoeddeiske territoarium fan de Feriene Steaten is stiften. Hja gongen út Ingelân fuort fanwegen de druk troch de Anglikaanske Tsjerke en ferfarden yn 1608 nei Leien yn Nederlân, dêr't sy frijheid fan leauwe fûnen, mar har frjemden fielden. Yn 1620 foegen tritich fan de leden har by in oare kloft yn Ingelân en setten ôf mei it skip Mayflower út Plymouth wei. Yn desimber stiften sy de koloanje Plymouth yn Massachusetts.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |