Piskina (tsjerke)

Wikimedia-list

In piskina (piscina) is in ûndjip bekken njonken it alter of yn de sakristy fan in tsjerke of kapel dat brûkt wurdt foar it waskjen en ôffieren fan it wetter dêr't it alterlinnen en it purifikatoarium yn wosken is. Teffens wurdt it oerstallich doopwetter, wijwetter en hillige oalje yn de piskana ôffierd. In sakrarium of hillich putsje is de ôffier sels, mar wurdt bytiden ek as synonym fan piskina foar it hiele bekken brûkt. Ek wurdt soms it wurd lavabo brûkt.

Piskina's wurde brûkt yn katolike, anglikaanske en luterske tsjerken. In de Eastersk-Otterdokske Tsjerken wurdt in ferlykber ding brûkt. Piskina's binne faak fan stien en hawwe in ôffierpiip dy't yn de grûn útkomt. De oerbliuwsels fan de hosty kamen sa net yn it rioel, mar giene de grûn fan it tsjerkhôf yn, dat sadwaande koene ek de deaden yn dy wijde grûn dielnimme oan it sakramint.