Piter Jelles (skoallemienskip)

Piter Jelles is in iepenbiere skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis mei alve skoallen yn de provinsje Fryslân. De skoallemienskip ûntstie yn 1998 út in fúzje fan ferskate eardere ûnderwiisynstellings, en hat likernôch 4500 studinten en sa'n 600 meiwurkers.

Neist de skoallen yn Ljouwert binne der ek skoallen fan Piter Jelles yn Kollum, Dokkum en Sint Anne.

Organisaasje

bewurkje seksje

De skoallemienskip wurdt oanstjoerd troch in Kolleezje fan Bestjoer, dy't mei de direkteuren fan de skoallen, direkteur Serviceburo en de bestjoerssekretaris de koers fan de skoallemienskip bepaald. Wiebe Wieling is de kolleezjefoarsitter fan It Kolleezje fan Bestjoer, de foarsitter wurdt dêryn ûnderstipe troch de bestjoerssekretaris, Herman Kramer en de direkteur bedriuwsfiering, Roel de Wit. De direkteuren fan de skoallen hawwe de deistige lieding oer de skoallen fan Piter Jelles. Yn It Serviceburo wurkje meiwurkers dy't soargje foar it meitsjen en it útfieren fan it belied fan Piter Jelles.

Meisizzenskipsrie

bewurkje seksje

By Piter Jelles wurdt it wichtich fûn dat âlders, learlingen en meiwurkers belutsen binne by it ûnderwiis fan Piter Jelles en dêryn ek ynfloed útoefenje kinne. Eltse skoalle binnen Piter Jelles hat in eigen rie, dy rie hâldt him dwaande mei de saken dy't spilje op de eigen skoalle. Dêrnjonken is der ek in meisizzenskipsrie, dy't him fral dwaande hâldt mei boppeskoalse tema's. Dy rie bestiet út acht minsken: twa âlders, twa learlingen en fjouwer meiwurkers.

Yn de earste klassen fan it Piter Jelles is it fak Frysk ferplichte foar alle learlingen. Yn de ûnderbou kinne de learlingen kieze om fierder te gean mei it Frysk. Der kin ek eksamen dien wurde yn it Frysk. Om it Frysk goed ûnderwize te kinnen wurdt fan alle learlingen de taaleftergrûn fêststeld.

Bûten Ljouwert

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Hiemside Piter Jelles