Plön
Plön (Frysk: Pleun) is de haadstêd fan de Kreis Plön yn Sleeswyk-Holstein en hat sa'n 8700 ynwenners. It byld fan 'e stêd wurdt sterk bepaald troch it kastiel, dat boud waard yn de 17e iuw. Plön leit oan de grutste mar fan Sleeswyk-Holstein, de Grutte Pleuner Mar, en beskûle tusken de gloaiende marren fan 'Holsteins Switserlân'. Mar 7,8 km² fan it stedsgebiet is lân. De rest fan 'e gemeente is ûnderferdield yn alve marren dy't allegearre ta de stêd Plön hearre en fiif oaren foar in part. Folslein binnen it stedsgebiet lizze de folgjende marren: Behler See, Edebergsee, Höftsee, Big Madebrökensee, Small Madebrökensee, Schöhsee, Stadtsee, Suhrer See en Trentsee. En foar in grut part hearre de Große & de Kleine Plöner See en de Trammer See ek ta de stêd.
Plön | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Steat | Sleeswyk-Holstein |
Kreis | Kreis Plön |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.722 (2014) |
Oerflak | 35,94 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 245 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 28 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.ploen.de |
Fegetasche
bewurkje seksjeTusken de marren Große Plöner See en Edebergsee op it plak fan it hjoeddeistige hotel wie de 'Fegetasche'; in tolhûs-mei-herberch. Sûnt de midsiuwen betellen reizgers en hannelers dêr tol en belesting. Dêr't se jo de 'bûse-útfagen', bleau de skimpnamme Fegetasche troch de iuwen hinne bewarre en gie oer yn de namme fan it hotel en it stedsdiel. Dy dûbele funksje fan tolhûs-mei-herberch waard al yn de 13e iuw beskreaun.
Underwiis
bewurkje seksjePlön hat in gymnasium mei in skiednis fan 300 jier. It hat ek in sit fan it Max Planck Ynstitút foar evolúsjonêre Biology. En hoewol't de stêd gjin iepen ferbining mei de see hat, is er al tiden thúsbasis foar in opliedingsynstitút fan de marine.
Prinsehûs
bewurkje seksjeYn 1895 krige it túnpaviljoen by it kastiel syn hjoeddeiske uterlik. De Dútske keizer Wilhelm II hie foar de oplieding fan syn soannen it each falle litten op Plön. It paviljoen yn 'e tún fan it kastiel njonken de ûnderkommens foar de kadetten waard útwreide ta Prinsehûs. Om romte foar de seis prinzen te meitsjen waard it paviljoen hast trije kear sa grut en boppedat krige de moarmeren seal de funksje fan klasselokaal. It Prinsehûs wie foar de soannen fan de keizer èn wenhûs èn skoalle, sadat dy net nei de kadetteskoalle yn it kastiel hoegden. Op in skiereilân, no it Prinse-eilân, waard in pleats boud om de prinzen it buorkjen te learen. Teffens krige it spoar ûnder lâns it kastiel spesjaal in halte foar de keizerlike famylje.
1945
bewurkje seksjeYn 1945 wie Plön in pear dagen sit fan it Dútske regear. Grutadmiraal Karl Dönitz wie op 30 april yn Plön doe't er in tillegram fan Martin Bormann krige dat Adolf Hitler him op 29 april yn syn testamint beneamd hie ta rykspresidint. Heinrich Himmler kaam nei Plön, mar Dönitz wiisde syn oanbod om twadde man yn it 'regear Dönitz' te wurden freonlik ôf. Hy rôp de generaals Keitel en Jodl nei Plön om de militêre situaasje te bepraten. Op 1 maaie makke Dönitz oer de radio bekend dat er sels de lieding fan it Dútske Folk op him nommen hie. Hy socht kontakt mei de alliearden yn de hope mei in oerjefte-foar-in-part troch stride te kinnen tsjin de Sovjet-Uny. Mei 3 maaie (neffens guon boarnen 2) ferhuze Dönitz de sit fan it regear fan Plön nei it kolleezje fan de marinebasis Flensburg-Mürwik (sjoch Flensburchregear).
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Plön fan Wikimedia Commons. |