Knop (diel fan in plant)

(Trochferwiisd fan Planteknop)

In knop of planteknop is it rûnich útgroeisel fan in plant, dat it groeibegjinsel fan in stâle, blêd of blom befettet, of in kombinaasje dêrfan. De knop befynt him oan 'e stâletop of yn 'e blêdoksels op 'e knopen fan 'e stâle. It groeibegjinsel (primordium) kin ôfhinklik fan it groeistadium fan 'e plant (fegetatyf of generatyf) ta in blêd of in blom útgroeie. De knop wurdt almeast omjûn troch knopskobben of katafyllen om it groeibegjinsel te beskermjen tsjin waarsynfloeden. Sa'n skob is in lyts blêdeftich orgaan.

In knop oan in amberbeam (Liquidambar styraciflua).

Der besteane ferskate soarten knoppen, lykas blêdknoppen, blomknoppen en mingde knoppen, wêrby't sawol it blêd as de blom yn deselde knop sit. By de ferwûning fan in plant kinne advintyf knoppen ûntstean. By it útrinnen fan 'e knoppen komt de stâle fan in twiichje foar 't ljocht, mei dêroan it blêd en/of de blom. Yn 'e túnbou wurdt sprutsen fan it mûze-earstadium fan in knop, wêrby't de earst foar 't ljocht kommende blêdsjes de foarm fan it ear fan in mûs hawwe. Dat stadium is wichtich foar it bepalen fan 'e gaadlikste tiid foar it bespuitsjen tsjin pleagen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.