Ploos van Amstel is in Nederlânsk geslacht, dat sûnt 1864 ta de Nederlânske adel heart en yn 1918 opnommen yn it Nederlânsk Patrysjaat. In bekende telch út it laach wie de 18e-iuwske Cornelis Ploos van Amstel (1726-1798), dy 't as ien fan de wichtichste keunstsamlers fan Nederlân te boek stiet. Hy wie houthanneler en makeler yn skippen en skipsoandielen en de skoansoan fan de skilder Cornelis Troost (1696-1750).

Portret fan Willem Ploos van Amstel (1529-1603), skout [1] fan Loosdrecht. Rjochtsboppe it famyljewapen
Stamwapen Van Amstel

By beslút fan Kening Loadewyk XIII fan Frankryk fan april 1621 waard Adriaen Ploos, hear fan Tienhoven, mei syn neikommelingen ferheft yn de Frânske adel. Op fersyk fan dyselde Adriaen Ploos, hear fan Oudegein, Lievendaal, Tienhoven en 't Geyn, ferklearre prins Frederik Hindrik d.d. De Haach 20 maart 1636 dat de stam Ploos sprute út it hûs Van Amstel van Mijnden, mar dat lêste wie net te bewizen.

By Keninklik Beslút fan 8 july 1864 waard erkend dat Johannes Ploos fan Amstel ta de Nederlânske adel hearde. Sûnt dy tiid wiene der noch ferskate erkenningen, it lêst op 9 septimber 1988.

De stamrige dy't bewiisd wurde koe begjint met Willem Wouters. Ploos, berne yn 1447 en skout fan Loosdrecht.

De famylje woe hawwe dat sy ôfstammen fan it midsiuwske adelsgeslacht Hearen fan Amstel, mar dat koe net bewiisd wurde. Likegoed fiert de famylje Ploos van Amstel it wapen fan dy famylje al sûnt in pear iuwen.[2]

In pear telgen

bewurkje seksje
  • Willem Ploos van Amstel (1529-1603), skout fan Loosdrecht
  • Adriaen Ploos van Amstel (stoarn yn 1646), hear van Langesteyn, presidint fan De Bosk
  • Adriaen Ploos van Amstel (1585-1639), hear fan Tienhoven, 't Geyn, Jutphaas, Oudegein ensfh., tesaurier fan de Dom, kommitearre Steaten-Generaal
  • Cornelis Ploos van Amstel (1726-1798), makeler en keunstsamler
  • Jacob Ploos van Amstel (1735-1784), dokter en drukker
  • Adrianus Ploos van Amstel (1749-1816), foarsitter nasjonale fergadering Bataafske Republyk, lid Earste en Twadde Nasjonale Fergadering, lid Konstituearjende Gearkomste, lid Earste Keamer Fertsjintwurdigjend Lichem (1798-1801), lid Tweede Kamer Fertsjintwurdigjend Lichem (1798-1801)
  • J.J.A. Ploos van Amstel (1835-1895), teolooch en predikant, û.o. yn Reitsum
  • Jan Adriaan Gijsbert Ploos van Amstel (1843-1894), boargemaster fan Maasland en fan Wanneper­veen
  • jhr. Gerardus Ploos van Amstel (1920-1999), agint fan De Nederlandsche Bank yn Middelburch en publisist oer de famylje en pear leden dêrfan
  • jhr. Jaap Ploos van Amstel (1926-2022), keunstner
  • prof. jhr. dr. Walther Ploos van Amstel (1962), professor oan de Keninklike Militêre Akademy

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.C. Bloys van Treslong Prins, Het geslacht Ploos van Amstel (De Haach 1911).
  • J.W. Niemeijer, 'Een door Jacobus Buys geschilderde familiegroep Ploos van Amstel teruggevonden', Oud-Holland, 81 (1966), s.34-43.
  • G. Ploos van Amstel, 'Unde venis, Ploos van Amstel? verdichtsel en waarheid over een afstamming', yn: De Nederlandsche Leeuw 107 (1990), k. 178-283.
  • Nederland's Adelsboek 89 (2000-2001), s. 521-555.

Noaten

  1. Eardere bestjoersamtner, haad fan 'e plysje en it gerjocht
  2. R.G. de Neve, Genealogiebeoefening en adellijke pretenties. Noblesse d’obscurité tijdens de Republiek en het Koninkrijk, yn: Jaarboek van het Centraal Bureau voor Genealogie ’ 59 (2005)