Poëtika

(Trochferwiisd fan Poëtyk)

Poëtika of poëtyk hat as grûnbetsjutting: wurkwize fan in keunstner en syn fizy op syn keunst. Yn it bysûnder jildt dat foar in skriuwer of dichter. It ferwiist nei it gehiel fan opfettings dy't in skriuwer hat oer wat literatuer wêze moat, bygelyks as it giet om de poëzy. De term komt fan it Grykske πoιησις (poësis, poëtika).

It begryp 'poëtika' kin op ferskate wizen ynterpretearre wurde. Yn de literatuerwittenskip en mear spesifyk de discoursanalyze wurdt poëtika spesifyk definearre as "it gehiel fan opfettings en foarûnderstellings fan de lêzer oer wat literatuer is, docht of dwaan moatte soe". Dat konsept wurdt yn kombinaasje mei it sosjaal-kulturele referinsjeramt fan de lêzers brûkt om in tekst yn in bepaald meardiminsjonaal frame (lykas romantyk, realisme, avant-garde, ...) te situearjen en der sa in bepaalde betsjutting út it perspektyf fan de lêzer wei oan te jaan. [1]

Foarbylden fan poëtika

bewurkje seksje

Auteurs meitsje har poëtika gauris yn it iepenbier bekend, troch it bygelyks te neamen yn in ynterview of op te skriuwen yn in essay of boek. It earste en bekendste wurk mei poëtika is Peri poiètikès (Oer de dichtkeunst) fan Aristoteles. In oar bekend foarbyld is de brief Ad Pisones (Oan de famylje Piso) fan Horatius. Dêryn skriuwt Horatius oer syn opfettings oer literatuer en poëzy. In foarbyld fan in poëtika yn de nije tiid is L'Art poétique (1674) fan Nicolas Boileau.

Yn de Fryske literatuer fynt men bygelyks in dúdlike poëtika by Douwe Kalma (1896-1953). Yn ferskate brosjueres (lykas Fryslân en de wrâld (1916)) pleitet Kalma bygelyks foar in hegere literatuer, dêr't gjin plak is foar de 'folksskriuwerij', dat foar in part yn de njoggentjinde iuw yn Fryslân de literêre haadstreaming wie. Kalma wie fan miening dat goede literatuer út jins gefoel kaam en ferbining hie mei it hegere, it spirituele. Literatuer dat net oan Kalma syn poëtika foldie, waard as min fersliten.

Oant de achttjinde iuw skreaune poëtika's foar hoe't der dichte en skreaun wurde moast: ek wol preskriptive (foarskriuwende) poëtika's neamd. Sûnt binne poëtika's minder systematysk en mear beskriuwend: deskriptive poëtika's. Mei de komst fan de romantyk en de moderne literatuer mei har klam op orizjinaliteit wurde poëtika's mear in yndividuele saak.

By de stúdzje fan poëtika fan in dichter ûnderskiedt men 'ferseksterne' (poëtikale geskriften, brieven, kritiken) en 'fersynterne' poëtika (dy't blykt út de gedichten sels).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vaessens, p. 114-155