Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)
De Poalsk-Russyske oarloch of Poalsk-Russyske kriich is de beneaming foar it konflikt dat nei de Earste Wrâldkriich ûntstie tusken de noch net konsolidearre Sowjetrussyske steat en it selsstannich wurden Poalen dat nei útwreiding fan grûngebiet stribbe.
Neidat de Poalske staffunksjonaris Plsudski yn april 1919 in ferdrach mei Oekraïne sleat set de Poalske opmars tsjin de Russen útein. Al gau waard de stêd Kiev troch harren ynnaam, mar yn juny waarden de Poalen al wer tebekslein en op 2 july begûn de Russen op har bar mei in offinsyf. De Russen hopen dat rûnom de revolúsje losbarste soe, mar de kommunistyske opstân yn Dútslân en de rest fan Jeropa bleau út. Op 16 augustus 1919 diene de Poalen mei help fan Frankryk yn de tsjinoanfal dat resultearre yn in nederlaach foar de Sowjettroepen. By de Frede fan Riga (1921) krige Poalen West-Oekraïne, Galysje en Wolhynje dêrby.