Poalske martlers fan de Twadde Wrâldkriich

De 108 martlers fan de Twadde Wrâldkriich, of de 108 sillige Poalske martlers (Poalsk: 108 błogosławionych męczenników), wiene Poalske roomsk-katoliken dy't troch de nazi's deadien waarden yn de Twadde Wrâldoarloch. Sy wurde betocht op 12 juny en waarden sillich ferklearre troch paus Johannes Paulus II yn 1999, dat barde yn Warschau. Under de martlers wiene 3 biskoppen, 52 prysters, 26 muontsen, 3 seminaristen, 8 nonnen en 9 leken.

 
Antoni Zawistowski
 
Alicja Jadwiga Kotowska, non fermoarde yn 1939 by de massamoard yn Piaśnica.