De Polderboskfeart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint noardeast yn polder de Hoarnster Utgongen en rint fan Haskerhoarne ûnder de N7 troch oant de Mienskarwei. Oan de eastkant fan de feart groeie boskjes.

De namme Polderboskfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Polderboschvaart.