Parafyly

(Trochferwiisd fan Polyparafyly)

Parafyly (fan it Aldgrykske παρά, pará, "njonken", en φῦλον, fulon, "skaai" of "soarte") is in term út 'e taksonomy (de klassfikaasje fan biologyske soarten), dy't ferwiist nei de ûnjildigens fan in beskate yndieling. De term wurdt almeast brûkt yn 'e foarm fan parafyletyske groep. It tsjinstelde fan parafyly is monofyly. Beide termen wurde behalven yn 'e taksonomy ek brûkt yn 'e taalkunde, op it mêd fan 'e klassifikaasje fan talen nei taalbesibskip.

In fylogenetyske stambeam. De blauwe en reade groepen binne monofyletysk. De griene groep is parafyletysk: hy bestiet út in mienskiplike foarâldersoarte (de leechste fertikale tûke yn it grienkleure gebiet) en de soarten dy't dêrfan ôfstamje, mar slút de blauwe groep út, dy't der ek fan ôfstammet.
Net te betiizjen mei parafily, in begryp út 'e seksuology en psychology.

In groep organismen dy't fan deselde foarâldersoarte ôfstammet, is parafyletysk as inkele subgroepen fan 'e yndieling útsletten wurde om't se ôfwikende skaaimerken fertoane. Soks makket de hiele yndieling ûnjildich, om't men yn 'e taksonomy no ienris net kieze kin hokker neikommelingsoarten men meinimt yn in yndieling. As der bygelyks trije groepen neikommelingsoarten binne dy't fan in foarâldersoarte ôfstamje en deselde skaaimerken fertoane, en dêropta ien groep neikommelingsoarten dy't ek fan deselde foarâldersoarte ôfstammet, mar hiele oare skaaimerken fertoant, kin men net de earste trije groepen op basis fan 'e mienskiplike skaaimerken byinoar yndiele en de fjirde groep bûten de yndieling hâlde. Ynstee sil men dan in yndieling yn fjouwer aparte, monofyletyske groepen meitsje moatte.

Bekende foarbylden fan parafyletyske groepen binne reptilen, hagedissen en fisken. Reptilen binne parafyletysk om't de fûgels har út 'e reptilen ûntwikkele hawwe, mar net ta de reptilen rekkene wurde. Sterker noch, de krokkedillen, dat reptilen binne, binne nauwer besibbe oan 'e fûgels as oan guon oare groepen reptilen, lykas de skylpodden. De hagedissen binne parafyletysk om't de slangen in subgroep fan 'e hagedissen foarmje dy't der net los fan sjoen wurde kin (slangen binne dus eins gewoan poatleaze hagedissen). En fisken binne parafyletysk om't se binnen de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) yndield binne by sawol de kaakleaze fisken (Agnatha) as de kaakdieren (Gnathostomata), wylst ta de kaakdieren ek de amfibyen, reptilen, fûgels en sûchdieren hearre.

By in parafyletyske groep binne ornaris mar inkele (ien of twa) subgroepen fan 'e algemiene yndieling útsletten. As der mear as inkele subgroepen fan 'e yndieling útsletten wurde, sprekt men fan in polyparafyletyske groep. In parafyletyske groep kin gjin klade of takson wêze, om't dy status foarbeholden is oan monofyletyske groepen, dy't alle neikommelingsoarten fan in foarâldersoarte omfetsje. Yn 'e taksonomy wurdt in parafyletyske groep omskreaun as in besibskipsgroep fan ien of mear subkladen fan in klade: it ferwiderjen fan ien of mear fan sokke subkladen út in klade, kreëarret in parafyletyske groep.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.