Pompeia Plotina
Pompeia Plotina (70 – 121-129) wie keizerinne fan it Romeinske Ryk.
Libben
bewurkje seksjePlotina waard berne yn it Gallyske Nemausus (tsjintwurdich Nîmes) en boaske mei Trajanus doe dizze noch soldaat wie. Hja wegere earst de titel Augusta doe Trajanus yn 98 keizer waard, mar oanfurde dy titel lang om let dochs sân jier letter, yn 105.
De keizerinne stie bekend as in yntegere frou. Har grutte leafde foar harren adoptearre soan Hadrianus joech oanlieding ta rabberij dêr't de wierheid fan yn twifel loeken wurde mei. Hja arranzjearre it houlik tusken Hadrianus en Sabina en spile in tige wichtige rol by de troanopfolging troch Hadrianus. Dy wiswier de adoptearre soan fan Trajanus, mar him wie nea de titel Caesar ta kind, sadat syn opfolging net fanselssprekkend wie. Op syn stjerbed koe Plotina pas Trajanus oerhelje harren adoptearre soan as opfolger oan te wizen. It is lykwols ek mooglik dat hja de dokuminten daliks nei syn dea ferfalske hat troch de oankundiging fan syn ferstjerren inkele dagen út te stellen. Plotina stoar in natuerlike dea ûnder it keizerskip fan Hadrianus. It jier fan har stjerren fariearret tusken de ferskillende boarnen fan 121, 122, 123 en 129.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Literatuer:
|