Ponka (taal)
It Ponka (Ingelsk: Ponca; Ponka: Páⁿka iyé) is de taal fan 'e Ponka, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in Sûaanske taal dy't ta de taalkloft fan 'e Degihaanske talen heart, en tige nau besibbe is oan it Omaha. It Ponka hat tsjintwurdich gjin memmetaalsprekkers mear.
Ponka | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Ponca | |
eigen namme | Páⁿka iyé | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | ― (útstoarn) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Mississippydelling-Sûaansk ● Degihaansk ● Omaha-Ponka ● Ponka | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | oma (mei it Omaha) |
Taalbesibskip
bewurkje seksjeIt Ponka heart ta de Westsûaanske taalgroep fan 'e grutte Sûaanske taalfamylje. Dêrbinnen wurdt it ta de Degihaanske talen rekkene, dy't in ûnderdiel foarmje fan 'e groep fan 'e Mississippydelling-Sûaanske talen. It Ponka is tige nau besibbe oan it Omaha, in sibskip dy't him û.m. uteret yn it feit dat de beide talen goed ûnderling fersteanber binne. De measte taalkundigen sjogge it Omaha-Ponka dêrom as ien taal en it Ponka en it Omaha as dialekten fan dy taal. De Omaha- en Ponka-Yndianen fersette har tsjin dy opfetting, en beskôgje harren eigen respektivelike spraken wol deeglik as selsstannige talen.
Taalgebiet
bewurkje seksjeIt Ponka waard foarhinne sprutsen op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Nebraska, yn 'e neite fan Niobrara. Letter waard it ek sprutsen yn noardlik Oklahoma, yn 'e krite om it hjoeddeiske Ponca City en White Eagle, dêr't de Ponka-Yndianen yn 1877 hinne deportearre waarden.
Tal sprekkers
bewurkje seksjeIt Ponka is no in útstoarne taal mei't der gjin memmetaalsprekkers mear binne. Wol binne der noch in hantsjefol leden fan 'e âlderein dy't it op net-floeiende wize sprekke kinne.
Skrift
bewurkje seksjeFoar it Ponka wurdt in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt. Dat omfiemet mar leafst 36 letters, hoewol't de f, l, q, r, v en y net foarkomme.
A a | Aⁿ aⁿ | B b | Ch ch | Chʰ chʰ | D d | E e | G g |
Gh gh | H h | I i | Iⁿ iⁿ | J j | K k | Kʰ kʰ | M m |
N n | O o | P p | P’ p’ | Pʰ pʰ | S s | S’ s’ | Sh sh |
Sh’ sh’ | T t | T’ t’ | Tʰ tʰ | Th th | U u | W w | X x |
X’ x’ | Z z | Zh zh | ’ ’ |
Fonology
bewurkje seksjeIt Ponka beskikt oer 5 gewoane fokalen: a [a] (fan 'mar'), e [e] (fan 'leed'), i [i] (fan 'wyt'), o [o] (fan 'bok') en u [u] (fan 'tûk'). Dêropta binne der 2 nasale fokalen: aⁿ [õ] (lykas yn it Frânske wurd on), en de iⁿ [ĩ] (fan 'hyns').
Fan 'e 29 konsonanten wurde de b, d, h, k, m, n, p, s, t en z op 'e 'gewoane' manear útsprutsen. Oare bekende bylûden binne de ch [ʧ] (tsj fan 'tsjerke'), g [ɡ] (g fan 'goed'), gh [ɣ] (g fan 'bûge'), j [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), sh [ʃ] (sj fan 'sjippe'), w [w] (w fan 'skowe'), x [x] (ch fan 'berch') en zh [ʒ] (zj fan 'bagaazje'). De apostrof (’) stiet foar de glottisslach [ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje".
Fierders hat it Ponka 4 aspirearre konsonanten (chʰ, kʰ, pʰ en tʰ), wêrby't de basisklank (tsj, resp. k, p en t) folge wurdt troch in licht h-ke, sa't bekend is fan 'e Grinslânske útspraak fan Marthinithoren. Ek binne der 5 konsonanten mei in fêste glottisslach derefteroan: p’, s’, sh’, t’ en x’.
De th, ta einbeslút, stiet foar de klank [ɫᶞ], in tige 'dûnkere' l (sa't dy bgl. yn it Frysk foarkomt yn 'loch'), folge troch in lichte stimhawwende th [ð], lykas yn it Ingelske wurd this. Dizze klank komt bygelyks foar yn Ní Btháska [nĩ 'bɫᶞaska], wat letterlik "plat wetter" betsjut, de Ponka-namme foar de rivier de Platte. Dy oantsjutting komt feitliks de namme fan 'e steat Nebraska út fuort.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |