White Eagle (Oklahoma)
White Eagle is in unincorporated community yn Kay County, Oklahoma, yn de Feriene Steaten. It leit yn in gemeentefrij gebiet dat bestjoerlik en postaal ûnder it folle gruttere plak Ponca City falt, dat in eintsje nei it noarden leit. (Dat is in sitewaasje dy't ferlike wurde kin mei útbuorrens yn Fryslân dy't binnen de himrikken fan gruttere doarpen lizze.) Oare nammen foar it plak binne Ponca, White Eagle Agency en Whiteagle. Yn 2020 hie White Eagle 520 ynwenners.
White Eagle | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oklahoma | |
County | Kay County, | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 520 (2020) | |
Oerflak | 15,2 km² (ynkl. wetter) 15,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 34,2 / km² | |
Hichte | 289 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 36°36′30″N 97°04′34″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan White Eagle yn Oklahoma.
|
Skiednis
bewurkje seksjeWhite Eagle waard stifte op it plak dêr't omtrint 1877 it Yndiaansk agintskip fan it doetiidske Yndianereservaat fan 'e Ponka fêstige wie, dat letter ûnder de Wet-Curtis fan 1898 krekt as alle oare reservaten yn Oklahoma opheft is. White Eagle is ferneamd nei it Ponka-opperhaad Wite Earn (Ingelsk: White Eagle, ±1840-1914), dy't it wichtichste opperhaad fan 'e Ponka wie doe't hja yn 1877 út Nebraska wei nei it Yndiaanske Territoarium (no Oklahoma) ta deportearre waarden.[1]
Polityk
bewurkje seksjeYn White Eagle (postaal yn Ponca City) is it haadkertier fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma fêstige.[2][3]
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- berne yn White Eagle
- Burgess Roye (1944-2015), keunstskilder
- Paladine Roye (1946-2001), keunstskilder
- ferstoarn yn White Eagle
- Wite Earn (±1840-1914), opperhaad fan 'e Ponka
- Carter Camp (1941-2013), aktivist
- Burgess Roye (1944-2015), keunstskilder
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |