Ponka Stamme fan Oklahoma

De Ponka Stamme fan Oklahoma (Ingelsk: Ponca Tribe of Oklahoma) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't fêstige is yn it noarden fan 'e steat Oklahoma. Dizze stamme bestiet út etnyske Ponka en is as moderne organisaasje oprjochte yn 1936. It haadkertier is fêstige yn White Eagle, in útbuorren fan Ponca City. De Ponka wennen oarspronklik yn Nebraska, mar waarden yn 1877 nei Oklahoma deportearre. Likemin as oare Yndianestammen út Oklahoma hat de Ponka Stamme fan Oklahoma in eigen reservaat, mei't dat ûnder de Wet-Curtis fan 1898 opheft is.

Ponka Stamme fan Oklahoma
Ingelsk Ponca Tribe of Oklahoma
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Oklahoma
haadkertier White Eagle (Oklahoma)
etnisiteit Ponka
ledetal 3.522 (2016)
oprjochting 1936
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat opheft: 1858-1868 yn Nebraska;
   1878-1891 yn Oklahoma
offisjele webside
www.ponca.com
kaart
Ponka Stamme fan Oklahoma (Oklahoma)
Ponka Stamme fan Oklahoma
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Oklahoma.

Neffens gegevens út 2016 hie de Ponka Stamme fan Oklahoma doe goed 3.500 leden, wêrfan't likernôch 3.000 (of 85,7%) yn Oklahoma wenje. Dat binne etnyske Ponka (Ponca), in folk dat in Sûaanske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Omaha. De Ponka Stamme fan Oklahoma is ien fan 'e beide federaal erkende stamme-organisaasjes fan dizze etnyske groep (de oare is de Ponka Stamme fan Nebraska).

De Ponka wennen oarspronklik yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Nebraska, dêr't se lykwols it fjild romje moasten foar de Amerikaanske kolonisaasje fan dy krite. Yn 1858 ferkochten se, dêrta ûnder druk setten, it meastepart fan harren lân oan 'e Feriene Steaten en krigen se yn ruil dêrfoar in Yndianereservaat oan 'e igge fan 'e rivier de Niobrara. Yn 1868 rekken lykwols ek harren oerbleaune lân kwyt, doe't de Amerikanen dat by it Ferdrach fan Fort Laramie yllegaal weijoegen oan 'e Lakota, wêrnei't it ta it Grutte Sû Reservaat kaam te hearren. Jierren fan protest bedijden neat, dat yn 1875 tekenen Wite Earn, Steande Bear en de oare opperhaden fan 'e Ponka in ferdrach mei fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, dat harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) omfieme. De opperhaden holden letter út dat de ôfspraken ferkeard foar harren fertaald wiene, en dat sy begrepen hiene dat se ynstimden mei in ferhuzing nei it Omaha Yndianereservaat yn eastlik Nebraska. Fannijs wegeren de Amerikanen lykwols en harkje nei harren protesten.

Yn febrewaris 1877 reizgen acht opperhaden fan 'e Ponka mei ynspekteur Edward C. Kemble nei it Osadzje Yndianereservaat yn it Yndiaanske Territoarium om in gaadlik plak foar harren eigen reservaat te sykjen. Om't de pleatslike Yndiaansk agint it spul net taret hie, koe dêr neat fan komme. Kemble joech de Ponka de skuld fan it misferstân en liet se dêr yn 'e steek sadat se nei Nebraska weromrinne moasten. Mar Kemble sette syn plannen al troch, en yn april fan datselde jier reizge er nei it Kwapou Yndianereservaat, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Peoria (Oklahoma), mei dat diel fan 'e Ponka dat min ofte mear frijwillich út Nebraska wei woe. Yn maaie deportearre it Amerikaanske Leger de rest fan it folk ûnder twang, wêrûnder Wite Earn en Steande Bear. De Ponka arrivearren te let yn it Yndiaanske Territoarium om dat jiers noch te plantsjen en te rispjen, en it Amerikaanske regear fersomme boppedat om harren te foarsjen fan it lânbougereid dat de Ponka ûnthjitten wie as ûnderdiel fan it oarspronklike ferhuzingsferdrach. Yn 1878 ferfearen se goed 240 km nei it westen ta, nei de rivier de Arkansas, súdlik fan it hjoeddeiske Ponca City. Tsjin 'e maityd fan 1879 wiene 158 fan 'e 700 Ponka, hast in trêdepart fan 'e stamme, omkommen oan honger, malaria en oanbesibbe oarsaken.

 
De eardere Yndianereservaten yn Oklahoma. It reservaat fan 'e Ponka is it lytse fealgiele lapke yn noardlik Oklahoma.

Steande Bear kearde begjin 1879 mei 65 folgelingen op eigen manneboet werom nei Nebraska, dêr't se nei de opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook bliuwe mochten en letter fersterking krigen fan oare Ponka út Oklahoma wei. De neiteam fan dy groep foarmet hjoed de dei de Ponka Stamme fan Nebraska. Wite Earn, it heechste opperhaad fan 'e Ponka, besleat lykwols mei it meastepart fan it folk yn Oklahoma te bliuwen en mar te besykjen om it bêste te meitsjen fan harren ballingsoard. It Ponka Reservaat yn Oklahoma besloech 410 km² yn wat letter Kay County en Noble County wurde soe. Yn 'e 1890-er jierren kamen de Ponka yn Oklahoma ûnder druk te stean fan kristlike sindelingen en oerheidsfunksjonarissen dy't woene dat se harren tradisjonele leauwe, dûnsen en oare eleminten fan harren kultuer opjoegen.

Under de Yndiaanske Lânferdielingswet waard it kommunale reservaatlân yn 1891 en 1892 opdield yn perselen foar yndividuële húshâldings; it oerbleaune gebiet waard yn 1893 frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken by de Lânwedrin fan 'e Sjeroky-stripe, de grutste lânwedrin út 'e Amerikaanske skiednis. Yn 1898 gie boppedat de status fan Yndianereservaat ferlern, doe't ûnder de Wet-Curtis fan 1898 alle reservaten yn Oklahoma ôfskaft waarden. Nei't Oklahoma yn 1907 in Amerikaanske steat wurden wie, waard in diel fan it oerbleaune lân ferpachte oan 'e 101 Ranch fan 'e bruorren Miller, in feepleats dêr't in grut diel fan 'e Ponka fan Oklahoma oan it wurk koe. Yn 1911 waard der oalje ûntdutsen op it lân fan 'e Ponka, mar hoewol't dat in beskate wolfeart brocht, waarden der ek nije swierrichheden troch feroarsake. Sa ûntstie der in miljeuramp doe't oaljeraffinaderijen harren giftige ôffal streekrjocht yn 'e rivier de Arkansas loasden.

Yn 'e 1910-er jierren waard de peyote-religy fan 'e Lânseigen Amerikaanske Tsjerke mank de Ponka yntrodusearre. Twa Ponka-manlju, Frank Eagle en Louis MacDonald, hearden ta de oprjochters fan dat nije synkretistyske leauwe. In relatyf grut tal Ponka-manlju út Oklahoma tsjinnen ûnder de Earste Wrâldoarloch yn it Amerikaanske Leger, en yn 'e tweintiger jierren bliezen de weromkearde feteranen de tradisjonele kriichsdûnsen fan 'e Ponka, lykas de heluska, nij libben yn. Under de Wet op it Wolwêzen fan de Yndianen yn Oklahoma reorganisearren de Ponka fan Oklahoma yn 1936 harren stammeregear. Op 20 septimber 1950 waard in eigen grûnwet oannommen en krige de Ponka Stamme fan Oklahoma federale erkenning. Under de oplibbing fan 'e Yndiaanske kultuer yn 'e Feriene Steaten yn 'e 1960-er en 1970-er jierren spilen ferskate Ponka út Oklahoma, wêrûnder Carter Camp en Clyde Warrior, in wichtige rol.

 
It stânbyld fan it Ponka-opperhaad Steande Bear yn Ponca City.

De Ponka Stamme fan Oklahoma waard as moderne organisaasje oprjochte yn 1936. De stamme wurdt bestjoerd troch in Stammeried (Tribal Council), dy't foar terminen fan fjouwer jier keazen wurdt. De grûnwet fan 'e stamme datearret út 1950. It haadkertier fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma is fêstige yn White Eagle, in útbuorren dy't ferneamd is nei it opperhaad Wite Earn (White Eagle), en dy't bestjoerlik en postaal ûnder it folle gruttere Ponca City falt. It tribaal jurisdiksjegebiet omfiemet dielen fan Kay County en Noble County.

Ekonomy en foarsjennings

bewurkje seksje

De Ponka Stamme fan Oklahoma hat in eigen húsfêstingsautoriteit en jout syn eigen kentekenplaten út. Teffens hat de stamme in kasino yn besit, it Blue Star Gaming and Casino yn Ponca City. Yn 2011 waard rûsd dat de Ponka Stamme fan Oklahoma mei al syn kommersjele aktiviteiten jiers krapoan $2 miljoen fertsjinne (yn 2008 wie dat noch $15 miljoen).

Neffens in skatting út 2009 hiene doe 33 leden fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma ienige kennis fan 'e Ponka-taal. Dy kin lykwols as útstoarn beskôge wurde om't der gjin memmetaalsprekkers mear binne. Sûnt 1877 organisearret de Ponka Stamme fan Oklahoma elts jier yn augustus in powwow. Dy fynt tsjintwurdich plak yn it Standing Bear Park yn Ponca City. Sûnt 1994 wurdt dit barren beävensearre troch de Standing Bear Foundation and Pow-wow, in stifting wêryn't de Ponka Stamme fan Oklahoma gearwurket mei fiif oare Yndianestammen út noardlik Oklahoma, te witten: de Kansa Naasje fan Oklahoma, de Osadzje Naasje fan Oklahoma, de Oto-Missoeria Stamme, de Pâny Naasje fan Oklahoma en de Tonkawa Stamme fan Oklahoma. De fiif stammen besykje mei harren jierlikse powwow, dêr't mei klam ek de blanke bewenners fan 'e krite foar útnûge binne, harren kultueren út te dragen en begryp te kweken tusken de Yndiaanske folken ûnderling en tusken de Yndianen en de blanken.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.