De Popmastins wie in stins yn Aasterein, gemeente Skylge. De wier dêr't it hûs op stien hat is noch oanwiisber. It plak is Archeologysk Monumint.

It boujier is net bekend. Op Skylge wie de famylje Popma it laach mei in liedingjaande funksje. It neamde harsels 'Hear fan Sylgeralân'.
De Hollanners beskôgen it eilân al lang as lien. Yn 1399 beliende Albrecht fan Beieren it eilân oan Jan fan Arkel, mar doe't dy yn it ferwar kaam tsjin syn lânhear, waarden syn besitttings ferbard ferklearre. Wylst wie Jacoba fan Beieren grevinne fan Hollân wurden en hja ferkeapet it eilân yn 1417 oan Gerard V fan Heemskerk. Middels fererving komt it letter yn besit fan Cornelis fan Bergen en op it lêst fan Jan fan Arenberch. De wichtichste figuer út de famylje Popma wie Folkert Popma. Hy sleat ynternasjonale ferdraggen, ûnder oare yn 1482 mei kening Edward fan Ingelân. Dêryn wurdt hy neamd as hear fan der Skylinghe ende Gryndt.

As Rienck Popma yn 1510 stjert, kin Cornelis fan Bergen it eilân mei rjocht yn besit nimme: hy keapet Jarich fan Popma, de soan fan Rienck, ôf. Jarich fan Popma ferliest al syn jild en stjert yn earmoede. Jan fan Arenberch sneuvelet yn 1568 by Heiligerlee en syn soan Karel ferkeapet it eilân yn 1615 oan de Steaten fan Hollân. De Hollânske hearen fan Skylge bewennen in kastiel yn Stryp en it regear siet yn Midslân.

By it plak Aasterein leit in keunstmjittige hichte (stinswier), dêr't de stins op stien hawwe soe. Under it meanfjild op de top fan de wier binne midsiuwske bakstienen oantroffen en om de wier hat dúdlik in grêft rûn. By it plakje Lies is ek sa'n wier te finen.

De stins stiet net op âld kaartmateriaal en der binne ek gjin ôfbyldingen bewarre bleaun, wêrtroch't ûnmooglik wat sein wurde kin oer it uterlik fan de stins. By de Popmastins stie in kapel, de ienpoarte, dêr't no kafee-restaurant de Boschplaat stiet. Efter dy kapel wie in begraafplak en de wei foar dy kapel hjit no ek noch de "lykwei."

It wapen fan de Skylger Popma's ferskilt fan dat fan de Fryske Popma's, meidat der in Davidstjer (poalstjer) neist de leelje stiet.

  • famylje Popma
  • - ± 1510 Rienck Popma
  • ± 1510 Jarich fan Popma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: