Presidint-elekt
In presidint-elekt is in presidint dy't al keazen, mar noch net ynsward is. (It efterheaksel "-elekt", dat efter mear funksjes oanheakke wurde kin, betsjut letterlik "keazen".) It presidintskip-elekt rint sadwaande fan it momint dat de útslach fan 'e ferkiezings bekend is oant de ynauguraasje fan 'e nije presidint, en bestiet yn dy tiid njonken it presidintskip fan 'e âlde presidint. Yn 'e measte lannen duorret soks mar inkele wiken of soms sels inkele dagen. It is lykwols it bekendste út 'e Feriene Steaten, dêr't it fan 'e ferkiezings yn 'e earste wike fan novimber duorret oant de ynauguraasje op 20 jannewaris, in perioade fan likernôch santich dagen. Yn 'e tiid tusken syn ferkiezing en syn ynswarring riedt de presidint-elekt him ta op syn nije amt, troch in regear gear te stallen en himsels yngeander bekend te meitsjen mei de swierrichheden dêr't it lân op dat stuit mei te krijen hat. Ornaris wurkje de presidint-elekt en syn meiwurkers dêrfoar nau gear mei de útgeande presidint en syn regear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |