Prinsehof

(Trochferwiisd fan Princehof)

Prinsehof (Nederlânsk: Princenhof) is in wetterryk gebiet binnen Nasjonaal Park De Alde Feanen.

It gebiet bestiet út lytsere en gruttere plassen, kreken en bredere wetterwegen. Binnen it gebiet lizze noch healannen, polders en de pleatsen dy't allinnich oer wetter te berikken binne. Yn dit wetterrike moeraskompleks komme mear as 450 soarten planten en mear as 100 soarten briedfûgels foar.