Willem-Alexander fan de Nederlannen

(Trochferwiisd fan Prins Willem Alexander)

Willem-Alexander fan de Nederlannen (Utert, 27 april 1967), folút Willem-Alexander Claus George Ferdinand van Oranje-Nassau, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, Jonker fan Amsberch, is de âldste soan fan Prinsesse Beatrix en sûnt 30 april 2013 de kening fan Nederlân.

Kening Willem-Alexander mei keningsmantel, april 2013

Willem-Alexander wie it earste bern fan Prinsesse Beatrix en Prins Claus. Hjirmei wie er, nei syn mem, de troanopfolger. Doe't syn mem yn 1980 keninginne waard, krige er, as kroanprins, de titel fan 'Prins fan Oranje'. By syn famylje hjit er Alexander.

De kening gong nei de middelbere skoalle yn Baarn en yn De Haach. Syn tsjinstplicht die er by de Marine. Hy studearre oan it Atlantic College yn Llantwit Major yn Wales, dêr't er it ynternasjonaal bakkelaureaat helle. Doe gong er nei de Universiteit fan Leien dêr't er skiednis studearre; hy studearre dêr yn 1993 ôf. Yn syn oplieding foar it keningskip folgen doe noch kursussen by de oare parten fan it leger: de Loftmacht en de Lânmacht.

As kroanprins ferskynde Willem-Alexander likernôch fyftich kear jiers by offisjele gelegenheden. Hy hat him dwaande hâlden op it mêd fan de rjochterlike macht, fan it binnenlânsk bestjoer en fan it bedriuwslibben. Fierders hat er him, op útstel fan syn heit, spesjalisearre op it mêd fan wetterbehear.

Op 28 jannewaris 2013 makke doe noch Keninginne Beatrix bekend dat hja op 30 april fan dat jier ôftrede soe. Op 30 april 2013 is hy yn Amsterdam ynhuldige as kening fan de Nederlannen.

De kening is in sportleafhawwer. Hy docht sels oan ferskate sporten. Yn 1985 ried er ûnder de namme fan W.A. van Buren de Alvestêdetocht, en yn 1992 rûn er de Maraton fan New York. Hy is ek faak as taskôger by wichtige wedstriden. Under oaren wie er oant 1998 as taskôger oanwêzich by de Olympyske Spullen yn syn funksje fan beskermhear fan it Nederlânsk Olympysk Kommitee. Fan 1998 oant 2013 wie er lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.

Húshâlding

bewurkje seksje

Op 2 febrewaris 2002 boaske de prins mei Máxima Zorreguieta. De twa wienen dúdlik fereale, mar foar in soad minsken wie it in probleem dat de heit fan Máxima, Jorge Zorreguieta, part west hie fan de diktatuer yn Argentynje. Uteinlik waard dochs tastimming jûn foar de boask. Hjirút is op 7 desimber 2003 in famke berne, Prinsesse Catharina-Amalia. Op 26 juny 2005 waard in twadde famke berne, Prinsesse Alexia. In tredde famke, Prinsesse Ariane, waard berne op 10 april 2007.