Priorij fan Us Leaffrou fan Bethanië
De Priorij fan Us Leaffrou fan Bethanië is in benediktynske priorij yn Loppem yn 'e West-Flaamske gemeente Zedelgem, Belgje. It adres fan de abdij is Sysen 8.
Us Leaffrou fan Bethanië | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
gemeente | Zedelgem | |
plak | Loppem | |
koördinaten | 51° 09' N 3° 10' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
Ynformaasje bou | ||
arsjitekt | Jozef Viérin | |
boujier | 1924-1957 | |
boustyl | Neoromaanske arsjitektuer | |
monumintnûmer | 209994 | |
Webside | ||
priorijbethanie.be | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe priorij wurdt as de froulike tsjinhinger fan de tichteby lizzende Abdij fan Zevenkerken beskôge. De abt Theodore Nève joech de oanset ta de stifting. Doe't de abdij yn 1918 as militêr sikehûs brûkt waard, seach er dêr ferpleechkundigen wurkje, wat him ta dat idee brocht.
Tusken 1921 en 1925 setten de earste susters harren nei wenjen yn it kastieltsje Lisbona yn Loppem, nei't hja earst in oplieding folge hiene yn Angers. Hja wurken ek yn 'e missy yn Belgysk Kongo en stiften dêr ek kleasters.
It kleaster yn Loppem waard stadichoan tusken 1924 en 1957 boud neffens in ûntwerp fan Jozef Viérin. It gasthûs waard yn 1924 boud, folge troch de kostskoallefleugel (1929), de tsjerke (1935-1936), de refter (1948) en in fleugel mei in kapel en de bibleteek (1957).
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de muontsen fan de Abdij fan Zevenkerke yn it gasthûs ûnderbrocht en yn 1969 waard dat de famkeskostskoalle fan de Abdij.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt kompleks is fan bakstien boud en is útfierd yn neoromaanske styl. De gebouwen foarmje in grutte ienheid yn 'e arsjitektuer en hawwe in strak symmetrysk grûnplan. De kearn wurdt foarme troch de fleugels yn in fjouwerkant om in sintrale tún. It plein wurdt trochsnien troch in as, dêr't de tsjerke en de refter steane. De tsjerke hat in brede achthoekige krusingstoer ûnder in achthoekich seissidige lege spits. Yn it ûntwerp binne de prinsipes fan 'e gouden fyk tapast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Priorij van Onze-Lieve-Vrouw van Bethanië
|