Probolinggo
Probolinggo is in stêd en gemeente oan de noardkant fan it eastlik part fan Java yn Yndoneezje. It plak leit likernôch 100 kilometer beëasten de provinsjehaadstêd Soerabaja.
Probolinggo | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Yndoneezje |
Provinsje | East-Java |
Regintskip | Probolinggo |
Sifers | |
Ynwennertal | ± 223.159 (2014) |
Oerflak | 25,24 km² (ynkl. wetter) |
Oar | |
Stifting | 1359 |
Tiidsône | UTC+7 |
Webside | [1] |
Ekonomy
bewurkje seksjeDe krite is fanâlds bekend om sûkerproduksje en letter ek de tylt fan mango's; teffens wurdt der rubber en rys ferboud. Der is in frij grutte fiskershaven. De fiskyndustry is wichtich foar de ekonomy fan de stêd. Fierders wurdt dêr keramyk en sarongs makke. De stêd is it begjinpunt foar tochten nei de Gunung Bromo (Berch Bromo), in grutte fulkaan.
Ferfier
bewurkje seksjeIt plak leit oan it spoar Soerabaja-Banyuwangi. Mei de bus is it sa'n 2,5 oere nei Soerabaja.
Boargemaster
bewurkje seksjeYn 1918 krige Probolinggo in eigen gemeenteried mei as foarsitter de assistint-residint. Fan 1929 ôf krige se in eigen boargemaster (walikota).
- Nederlânsk-Yndysk tiidrek
- F.E. Meijer (1929-1937)
- L.A. de Graaff (1937-1940)
- L. Noë (1940-1942)
-
De kweekskoalle yn 1920
-
Sûkerfabryk yn Probolinggo
-
Lokaal "bestuurder Kareng Probolinggo"
Berne yn Probolinggo
bewurkje seksje- Ernest Cassutto (1919-1985), Nederlânsk-Amerikaansk predikant en evangelist
- Johan Hilgers (1886-1945), Nederlânsk loftfeartpioner
- Oscar van Rappard (1896-1962), Nederlânsk sportman en nasjonaalsosjalist
- Harry van Rappard (1897-1982), Nederlânsk sportman
- Anton August van Vloten (1864-1920), Nederlânsk lânboukundige, wetterskipsbestjoerder en wethâlder
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Probolinggo fan Wikimedia Commons. |