Produksje-ûntwerper

(Trochferwiisd fan Produksje-ûntwerpster)

In produksje-ûntwerper (ek stavere as produksjeûntwerper) of mei in lienwurd út it Ingelsk in production designer (PD), is by it meitsjen fan in film of tillefyzjeprogramma ferantwurdlik foar de folsleine oanblik fan 'e produksje. Syn of har wurkmêd hjit produksje-ûntwerp of production design. Underdielen fan dat fakgebiet binne dekôrûntwerp, art direction, kostúmûntwerp, setdesign en setdressing. Produksje-ûntwerpers ferfolje by film- en tillefyzjeproduksjes in krúsjale rol. Yn nauwe gearwurking mei de regisseur, de kameraregisseur en de filmprodusint moatte se in dekôrs en styl gearstalle dy't fisueel it ferhaal fan 'e film of it programma ûnderstipet. De term 'production designer' waard yn 1939 betocht troch William Cameron Menzies, doe't dy dat wurk die op 'e set fan 'e ferneamde film Gone with the Wind. Foar dy tiid (en neitiid noch wol) waard foar min ofte mear deselde funksje de term 'art director' brûkt. Yn 'e toanielwrâld wurdt de funksje fan in produksje-ûntwerper ferfolle troch in sênograaf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.