Prosessen fan Neurenberch

(Trochferwiisd fan Prosessen fan Neurenberg)

De Prosessen fan Neurenberch binne strafprosessen tsjin de pommeranten fan it Tredde Ryk nei de Twadde Wrâldkriich. De prosessen wienen yn de stêd Neurenberch (Dútslân) yn 1945 en 1946. It earste en meast bekende proses wie tsjin de 22 nazi-foaroanmannen foar it Ynternasjonaal Militêr Tribinaal (International Military Tribunal).

De feroardielde foaroanmannen (foar de rige soldaten), boppeste rige fan lofts nei rjochts: Karl Dönitz, Erich Raeder, Baldur von Schirach, Fritz Sauckel, Alfred Jodl, Franz von Papen, Arthur Seyß-Inquart, Albert Speer, Konstantin von Neurath en Hans Fritsch. Foarste rige: Hermann Göring, Rudolf Heß, Joachim von Ribbentrop, Wilhelm Keitel, Ernst Kaltenbrunner, Alfred Rosenberg, Hans Frank, Wilhelm Frick, Julius Streicher, Walter Funk en Hjalmar Schacht.

De oare oarlochsmisdiedigers waarden by 12 oare rjochtsaken feroardiele:

  1. Doktoarenproses (9 dezember 1946 - 20 augustus 1947)
  2. Molkproses, ferneame nei Generaal Erhard Milch, (2 jannewaris 1947 - 17 april 1947).
  3. Juristenproses, (17 febrewaris - 14 desimber 1947)
  4. Proses tsjin it SS-Wirtschafts- und Verwaltungshauptamt, (13 jannewaris - 3 novimber 1947)
  5. Flick-proses, tsjin it Flick-Konzern, (18 april - 22 desimber 1947)
  6. IG-Farben-proses, tsjin IG Farben, (14 augustus 1947 - 30 july 1948)
  7. Proses Súdeast Europa algemien (15 july 1947 - 19 febrewaris 1948)
  8. Proses tsjin it Rasse- und Siedlungshauptamt (1 july 1947 - 10 maart 1948)
  9. Einsatzgruppen-proses, (15 septimber 1947 - 10 april 1948)
  10. Krupp-proses, tsjin it Krupp-konsern, (8 desimber 1947 - 31 july 1948)
  11. Wilhelmstraße-proses, tsjin de frjemdelingetsjinst en oare ministearjes, (4 novimber 1947 - 14 april 1948)
  12. Proses tsjin it Oberkommando der Wehrmacht:, (30 desimber 1947 - 29 oktober 1948)

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Prosessen fan Neurenberch – foto, fideo en harktriemmen