It Proto-Frysk of primityf Frysk wie de taal, of wierskynliker it dialekt, dêr't de Fryske talen út fuortkommen binne. It hearde ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en waard rûchwei sprutsen tusken de trêde en sânde iuw. It Proto-Frysk ûntjoech him tagelyk mei it Proto-Anglysk (dat de Angelsaksyske talen produsearje soe) út it Noardwestgermaansk. Om 700 hinne wie der in werkenbere Fryske taal ûntstien en gie it Proto-Frysk sadwaande oer yn it Aldfrysk. It Proto-Frysk is net oerlevere, behalven yn guon isolearre en fragmintarysk runeynskripsjes, dy't boppedat faak noch dreech te fertalen binne om't se foar mearderlei útlis fetber binne.

Proto-Frysk
algemien
oare namme(n) primityf Frysk
taalgebiet Noardseekust fan Noardwest-
Jeropa
skrift runen
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Proto-Frysk
skaaimerken
tiidrek ±3e7e iuw
ûntstien út Noardwestgermaansk
ûntjûn ta Aldfrysk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.