Proton
In proton (foarsteld troch p, p+ of N+) is in subatomêr dieltsje mei in positive elektryske lading. Ernest Rutherford ûntdekte it yn 1919. De atoomkearn (of nucleus) fan it meast foarkommende type (sjoch ek isotoop) wetterstofatoom, H, is ien inkel proton. De kearnen fan oare atomen besteane út neutroanen én protoanen. It oantal protoanen fan de kearn bepaalt ta hokker gemysk elemint it atoom heart.
By ôfspraak wurdt de lading fan ien proton de ienheid fan lading neamd. De lading fan in elektron is krekt tsjinsteld as dy fan in proton, om't it elektron negatyf laden is. Yn in neutraal atoom is it oantal protoanen yn de kearn lyk oan it oantal elektroanen yn de 'skyl of skilen)' deromhinne. Sadwaande heffe de positive ladingen fan de protoanen en de negative ladingen fan de elektroanen elkoar nei bûten ta op. It atoom is dan fan buiten ôf sjoen elektrysk neutraal.
In proton hat in rêstmassa fan 1,672 623 1x10-27 kg of 938 MeV, krekt in bytsje minder is as de massa fan in neutron. Dêrmei is it ûngefear 1800 kear sa swier as in elektron. De lading fan in proton is gelyk oan 1,6x10-19 C.
Protoanen wurde klassifisearre as baryonen en besteane sels wer út kwarks, nammentlik twa 'up' kwarks en ien 'down' kwark. Dize quarks wurde by elkoar holden troch gluons, de dragers fan de sterke kearnkrêft.
Ek protoanen en neutroanen wurden binnen in atoomkearn by elkoar holden troch de sterke kearnkrêft, in krêft dy't allinnich in merkbere rol spilet op subatomêre skaal (dus binnen de kearn), mar dy't dan sa sterk is dat dizze de ûnderlinge elektryske ôfstjitting tusken de protoanen oerwint.
Om't de elektromagnetyske krêft folle kearen sterker is as de swiertekrêft, moat konkludeare wurde dat it oantal protoanen yn it universum lyk is oan it oantal elektroanen. Wie soks net sa, dan soe de nettoôfstjitting troch it oerskot oan positive of negative lading (ôfhinklik oft protoanen of elektroanen dominearje soene) in merkber effekt hawwe op de ekspânsje fan it universum en op alle matearje ûnder de ynfloed fan swiertekrêft (planeten, stjerren, en sa).
It blykt dat 99,985 % fan de wetterstofioanen (H+) besteane út protoanen. De oare 0,015 % binne deuteroanen in minym bytsje tritoanen. Yn de natoer komme de tritioanen (3H) net foar, dizzen kinne allinnich keunstmjittich oanmakke wurde.
In soer is in gemyske stof dy't ien wetterstofion H+ ôfstean kin. Yn wetterich miljeu giet dit los proton hast altiten in ferbining oan mei wetter troch in hydroksoaniumion (H3O+) te foarmjen.