Provinsjehûs fan Grinslân

(Trochferwiisd fan Provinsjehûs (Grinslân))

It Provinsjehûs fan Grinslân is it bestjoerlik sintrum fan de provinsje Grinslân. It gebouwekompleks stiet an de eastside fan it Martintsjerkhôf yn it hert fan de stêd Grins. It frontgebou oan it Martinytsjerkhôf datearret út it begjin fan de 20e iuw, de efterside, mei dêryn de steateseal, is de eardere Latynske skoalle fan Grins en komt út de lette midsiuwen.

Foarside Rovinsjehûs
De eardere Sint Maartensskoalle, no de Steateseal fan it provinsjehûs

Skiednis bewurkje seksje

De hjoeddeiske provinsje Grinslân ûntstie yn 1594 nei de reduksje fan Grins. De Ommelannen woenen net folle fan de stêd Grins witte, mar de Republyk hechte grut belang oan de stêd as festing yn it noarden en twong de Ommelanner jonkers in net wold opgean mei de stêd op. Foar it bestjoer fan it nije gewest waard nei lang sykjen de eardere Sint Maartensskoalle úkeazen.

Hjoeddeiske gebou bewurkje seksje

De âlde Sint Maartensskoalle foldie oant yn de 19e iuw as setel fan it bestjoer fan Stad en Lande. Der waarden yn de rin fan de tiid wol in oantal bygeboukes oan it gebou taheakke, mar oant 1871 bleau de âlde skoalle de kearn fan it provinsjehûs.

Yn dat jier waard oan it Martinytsjerkhôf in nije provinsjehûs iepene, dat oan it Martinytsjerkhôf, foar it âlde skoalgebou setten waard. It nije provinsjehûs, in Wettersteatgebou, waard lykwols nei fjirtich jier al wer sloopt en ferfongen troch it hjoeddeiske gebou, ûntwurpen troch J.A. Vrijman, dy't yn Grins ek it Akademygebou ûntwurpen hat. De âlde Sint Maartensskoalle is noch altiten yn it kompleks werom te finen, it wurdt tsjintwurdich brûkt as fegaderseal fan Provinsjale Steaten.