Psychiatrysk sikehûs

(Trochferwiisd fan Psychiatrysk Sikehûs)

In psychiatrysk sikehûs, psychiatryske ynrjochting of psychiatryske ynstelling is in ynstelling op it mêd fan 'e geastlike sûnenssoarch, dêr't men pasjinten mei psychyske problemen troch almeast yntramurale en yntinsive behannelings en ferpleging besiket te genêzen fan geastlike oandwanings. Foarbylden fan sokke sykten binne klinyske depressiviteit, skizofreny en bipolêre steuring (better bekend ûnder de âlde namme manyske depressiviteit). It doel fan 'e soarch dy't psychiatryske sikehuzen biede, is de rehabilitaasje fan pasjinten yn 'e maatskippij.

It haadgebou fan Psychiatrysk Sikehûs Apeldoornsche Bosch, om 1930 hinne.

Psychiatryske sikehuzen ferskille sterk yn omfang, op it mêd fan 'e oanbeane behannelings en op it mêd fan 'e oandwanings dêr't se yn spesjalisearre binne. Guon fan sokke ynstellings biede inkeld opnames foar de koarte termyn of sels allinnich polyklinyske deibehannelings foar pasjinten wêrfan't it risiko as lyts ynskatten wurdt dat se in gefaar foar harsels of oaren foarmje. Oare ynrjochtings lizze har ta op permaninte soarch of ferpleging foar de langere termyn foar ynwenjende (yntramurale) pasjinten dy't wol in gefaar foar harsels of foar oaren foarmje, of dy't inkeld funksjonearje kinne yn in oanpast om-en-by of ien dat se folslein yn 'e macht hawwe. Foar dy lêste kategory pasjinten besteane begelaat wenjen-projekten en oare beskerme wenfoarsjennings.

 
Psychiatrysk Sikehûs Bakkum.

Pasjinten wurde ornaris op frijwillige basis opnommen yn psychiatryske sikehuzen. De measte minsken sille net gau mei soks ynstimme, om't der in maatskiplik stigma klibbet oan sa'n opname. Psychiatryske ynstellings wurde sadwaande befolke troch lju dêr't wier wat mis mei is, en dy't beseffe dat se it net roaie sille sûnder de behannelings dy't sa'n ynrjochting biedt. Dêrnjonken is it ek mooglik om minsken tsjin har eigen wil opnimme te litten, wêrfan't psychiaters miene dat se in earnstich gefaar foar harsels of oaren foarmje. Hoewol't dat yn it ferline geregeldwei foarkaam, is men dêr tsjintwurdich tige skruten mei.

It ierst bekende psychiatrysk sikehûs waard yn 705 yn Bagdad opset, yn opdracht fan 'e Omajadyske kalyf Al-Walyd ibn Abd-al-Malyk. Oare, soartgelikense ynstellings waarden yn 'e Midsiuwen yn 'e Arabyske wrâld boud; bgl. yn 800 yn Kaïro en yn 1270 yn Damaskus. Yn 'e Westerske wrâld waarden de earste psychiatryske sikehuzen pas geandewei de achttjinde iuw opset, lykas de psychiatryske ôfdieling fan it Frânske Hôpital Bicêtre, fan Philippe Pinel, yn 1793, en it Ingelske York Retreat, fan William Tuke, yn 1796.

Dat wiene lykwols yn 'e regel gjin psychiatryske ynstellings yn 'e moderne sin fan it wurd, mar "gekkehuzen" of "gestichten", dêr't psychiatryske pasjinten, faak ûnfrijwillich, opburgen waarden sadat se de maatskippij net hinderen. Sokke ynstellings wiene benammen talein op fêsthâlden en ûnderdrukking, en as der al behannelings bestiene, wiene dy ornaris brút en gewelddiedich. Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf fûnen der ferskate weagen fan herfoarmings efterinoar plak, wêrby't geandewei behanneling fan 'e pasjinten sintraal kaam te stean, en almar nije en bettere behannelingsmetoaden ynfierd waarden, lykas psychiatryske medisinen en psychoterapy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.