Pine

(Trochferwiisd fan Pynlik)

Pine is aaklik gefoel en in ferfelende emosjonele ûnderfining dy't feroarsake wurdt troch yntinse en/of skeinende prikelings, lykas it stompen fan in tean, it brânen fan in finger of it oanbringen fan alkohol op in ferwûning. Om't pine in folslein subjektyf ferskynsel is, hat it foar de wittenskip tige dreech west om der in slutende definysje foar gear te stallen. Yn it ramt fan medyske diagnostyk wurdt pine beskôge as in symptoom.

In frou ferlûkt har gesicht fan pine as har bloed ôfnommen wurdt.

Pine makket in persoan der opmerksum op dat der wat mei in beskaat diel fan syn lichem is. Dêrby giet it yn 'e regel om in sykte of oare stimulâns fan binnenút of om in ferwûning fan bûtenôf. As it te krijen hat mei prikelings fan binnenút, wurdt de pine faak nei it lichemsdiel neamd dat sear docht: pineholle, pinebúk, pinemûle. By ferwûnings motivearret pine in persoan om him werom te lûken út sitewaasjes dy't skea tabringe oan syn lichem, om in skansearre lichemsdiel ûnder it genêzingsproses te ûntsjen, en om soartgelikense sitewaasjes tenei te mijen.

Yn it oergrutte part fan 'e gefallen hâldt de pine geandewei it genêzingsproses stadichoan op, mar yn seldsume gefallen kin it oanhâlde nettsjinsteande dat it lichem genêzen liket te wêzen. It kin inkeld ek foarkomme dat men pine fielt wylst der neat mei jin mis is en ek nea west hat. Ienfâldige pinebestridende medisinen kinne yn 20% oant 70% fan sokke gefallen ferlichting bringe. In spesjaal en nuveraardich soarte oanhâldende of weromkearende pine is fantoompine, dat men troch ôfsniene senuwen gewaarwurdt yn in lichemsdiel dat amputearre is.

Pine is yn ûntwikkele lannen de meast foarkommende reden foar doktersbesyk. It is mei dêrom in tige wichtich symptoom by it fêststellen fan in grut ferskaat oan krupsjes, mar it kin in tige negative ynfloed hawwe op immens libbenskwaliteit en algemien funksjonearjen. Lykwols kinne psychyske faktoaren, lykas sosjale stipe, hypnoatyske suggestje, opwining en ôflieding in dúdlik merkbere ynfloed útoefenje op 'e yntinsiteit en mjitte fan aaklikheid fan 'e ûnderfûne pine. Oanhâldende pine is in wichtich elemint dat yn omtinken nommen wurdt by beslissings oangeande eutanasy foar terminaal sike pasjinten.

Njonken fysike pine bestiet ek psychyske pine, dat sels noch subjektiver en dreger te definiëarjen is om't it alhiel net metten wurde kin. Psychyske pine wurdt ek wol smert neamd. De meast foarkommende soarten binne fertriet (bygelyks rou om in ferstoarne neiste of leafdesfertriet om in ûnbeäntwurde leafde), en de psychyske pine dy't men ûnderfynt troch narjen. Pine kin ek in rol spylje by it belibjen fan seksueel geniet. It seksueel opwûn reitsjen troch it ûndergean fan pine hjit masogisme, wylst it seksueel opwûn reitsjen troch it tabringen fan pine sadisme hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.