Pypketsjerke is in fersprate buorskip besuden Stynsgea oan de wei nei Surhuzum.

Op nije kaarten stiet de namme oanjûn by in protestantske tsjerke dy't yn 1887 troch grifformearden fan Stynsgea en Surhuzum mienskiplik boud waard. In wetterkearing tusken de beide doarpen soe Pije hjitten hawwe en de tsjerke soe hjir nei neamd wêze. De grins tusken beide doarpen hiet lykwols Homear en de brêge oer dat wetter sil grif in piip (healrûne stienen brêge) west hawwe. Mei ferrin fan tiid waard it stee yn de folksmûle Pijekerk of Pypketsjerke neamd. It tsjerkebestjoer hat letter by dy namme oansluten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: