Raarder Feart
De Raarder Feart is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart ferbynt Raard mei de Dokkumer Ie en rint ûnder de wei De Tange troch. Oan de noardkant fan Raard rint de feart troch as Holwerter Feart.
De namme Raarder Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Raardervaart.