Ragtime
Ragtime is in letnjoggentjinde-iuwske Amerikaanske muzykfoarm, dy't skaaimerke wurdt troch synkopyske meldij en begelieding. Ragtime is ien fan de muzikale boarnen fan de jazz. Ragtime mei lykwols sels net as jazz beskôge wurde. It gie oan de jazz foarôf. Wol binne rags faak yn troch orkesten fan âlde styl jazz spile. Ek yn de jazzrevivalperioade yn de fyftiger jierren út de 20e iuw wie de muzyk út de Ragtime perioade faak te hearren, bewurkke foar dixielandorkest. Yn Europa hat benammen de Ingelsman Chris Barber him sterk ynsetten foar de Ragtime, troch mei syn dixielandorkest faak muzyk út de Ragtime perioade te spyljen.
Ragtime is oarspronklik allinnich makke foar piano. Ragtime stiet yn twakwartsmaat. Letter binne ek wol bewurkings foar blaasorkest makke, ek noch foardat de jazz yn ûntwikkeling kaam. De ferneamdste ragtime-komponisten wienen Scott Joplin, James Scott en Joseph Lamb. De no wrâldwiid bekendste komposysje is de Maple Leaf Rag. Yn Nederlân is de rag The Entertainer it bekendst wurden, troch de film The Sting.
Trivia
bewurkje seksjeRagtime is ek de titel fan in bekend boek fan de Amerikaanske skriuwer E.L. Doctorow.